Springe nei ynhâld

Oerlis:Jellum

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra: Goeie. De boarne dy't jo hjir brûke by ynwennertal en ek by oerflak en sa, tink, fan AlleCijfers giet oer Jelsum, net oer Jellum. Dat sil grif betsjutte dat de sifers dy't hjir no presintearre wurde, net doge. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 des 2022, 02.28 (CET)[beäntwurdzje]

Sifers wiene goed, allinne de boarne wie ferkeard. Ik ha dus allinne de boarne oanpast. Mar hie út de âlde tekst oer Jellum wei ek keatser Sjirk de Wal by 'berne' delset, wat dus Jelsum wêze moast Dat dus ek fuort mar meinommen. --RomkeHoekstra (oerlis) 14 des 2022, 10.48 (CET)[beäntwurdzje]
Ik begyp dat jo Sweedsk lêze kinne en dêr ha 'k no eefkes in fraach oer. Ik wie mei Lúsia fan Ceracuse oan 'e gong en sa kaam ik fia in omwei ek op se:Luciatåg, dêr't dit stiet:
Sedvanan att en kvinna klär sig i vitt, sjunger, samt bär en ljusstake och frukost på sängen på luciadagen (13/12) är känd från Västergötland 1764. Sedvanan skilde sig från dagens luciatåg på flera punkter: Kvinnan bar inte krona, hon åtföljdes inte av ett tåg, firandet hade inte någon fast sångrepertoar, och luciauppvaktningen hörde hemma i sovrummet, snarare än i offentligheten.
Inledningsvis symboliserade den vitklädda personen med ljus sannolikt Jesusbarnet (efter tyskt mönster), snarare än Lucia: Reformert kristna i Nederländerna brukade låta någon klä ut sig till Jesusbarnet i syfte att skänka barn gåvor 5-6/12, som en protestantisk ersättning för sankt Nikolaus liknande funktion i romersk-katolska miljöer. Bland tyska lutheraner och herrnhutare flyttades datum från 5-6/2 till 24-25/12, och Jesusbarnet åtföljdes av en skrämmande hjälpreda, djävulsgestalten Krampus – föregångare till den svenska och finska julbocken. När sedvanan spreds till Sverige placerades personen klädd till Jesusbarn på en dag – luciadagen – medan Julbocken placerades på en annan dag – 24/12. Sedan åtminstone 1820 är det belagt att den vitklädda gestalten – under inflytande av det valda datumet, 13/12 – skall symbolisera Lucia, snarare än Jesusbarnet.
Neffens myn oersetting soe it feest woartelje yn in tradysje dy't yn Nederlânske ûnstie doe't de grifformearden nei de reformaasje Sinteklaas ferfongen troch in yn't wyt klaaid Jezusfiguerke. Dat is eins hiel apart, want ik kin dêr yn Nederlânske boarnen neat fan fine. En dat lêste makket dat ik wat twifelje: kloppet dêrom de folgjende oersetting:

earste alineä
Myn oersetting:
De gewoante dat in frou har yn it wyt klaait en sjongendewei in kjers draacht, en [teffens fan] brea-iten op bêd op Lusiadei (13/12) is bekend út Västergötland út 1764. Dy gewoante ferskilde yn ferskate opsichten fan wat hjoed de dei gebrûklik is: de frou droech gjin kroan, waard net beselskippe fan in gefolch, de fiering hie gjin fêststeand repertoir fan lieten, en de Luciahofmakkerij hearde thús yn 'e sliepkeamer ynstee fan yn it iepenbier.
Jowes:
Bekend is dat it sûnt 1794 yn Västergötland wenst wie dat op Lúsiadei wytklaaide famkes mei in kears it moarnsbrea op bêd brochten. Yn dy tiid droech it famke noch gjin krâns, wie der gjin sprake fan in optocht en wie it muzykrepertoire noch net yn in fêste tradysje ynkadere. It wie doe boppedat mear in húslik feest as in publyk feest.[4] De Sint-Lusiaprosesjes sa't dy no fierd wurde unstiene yn Sweden pas oan it ein fan de 19e iuw.

twadde alineä
Oarspronklik symbolisearre de persoan yn it wyt mei de kears nei alle gedachten (nei Dútsk foarbyld) it bern Jezus ynstee fan Lusia. As in ferfanging fan nei de Reformaasje fan it roomske Sint-Nikolaasfeest lieten Nederlânske kalvinisten immen him ferklaaie as it berntsje Jezus om op 5 of 6 desimber kado's te jaan sa't Sint Nikolaas dat die yn roomske fermiddens. Dútske lutheranen en hernhutters ferskoden de datum fan 5 of 6 desimber nei 24 en 25 desimber en it bern Jezus waard dêrby beselskippe fan in yslike helper yn it figuer fan Krampus, de foarrinner fan de Sweedske en Finske joelbok. Doe't de tradysje fan de yn it wyt klaaide Jezus yn Sweden telâne kaam, waard de persoan fan it bern Jezus dêr op 13 desimber ynfierd, wylst de joelbok ferskode nei 24 desimber. Sûnt teminsten 1820 wurdt - ûnder ynfloed fan 'e keazen datum, 12/12 - algemien oannommen dat de persoan klaaid yn it wyt foar Lusia stiet ynstee fan foar Jezus.

It is even in fraach om't ik eins ek in lemma oer de dei sels skriuwe wol. En dan is dit wol nijsgjirrige ynformaasje tink.--RomkeHoekstra (oerlis) 14 des 2022, 18.50 (CET)[beäntwurdzje]
Myn Sweedsk is hiel, hiel roastich, mei't ik it wol 25 jier net brûkt haw. En sels doe wie it neat om oer nei hûs te skriuwen. Dus ik sil net beare dat ik dit stik út it Sweedsk oerset haw. Mar Google Translate bringt útkomst as je it nei it Ingelsk ta oersette; dan is de oersetting frij goed. Jo moatte mar ris sjen hjirboppe, wat ik derfan makke haw. De earste alineä haw ik even hielendal oars dien; de twadde haw ik de kursyf steande stikjes oan tafoege of wat oan feroare. Even noch in pear dingen: der stiet gjin "ú" yn Lusia om't it in iepen wurdlid is: Lu-si-a. Jo skriuwe "grifformearden", mar ik soe "kalvinisten" dwaan, want grifformeard wurdt tsjintwurdich mei in beskate kalvinistyske streaming assosjearre dy't doe noch net bestie. Oer it wierheidsgehalte: ik wit it ek net, mar ik kin my wol foarstelle dat soks yn 'e 16e of iere 17e iuw bestien hat, doe't it Sinterklaasfeest koart nei de Reformaasje noch te roomsk wie foar de nije kalvinisten.
Wat de kwestje Jellum/Jelsum oangiet: moai dat it oplost is. Ik hie der sels mei sin mar net yn ombarge. Ik tocht, jo witte krekt wat jo dien hawwe, it is foar jo makliker om it rjocht te breidzjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 des 2022, 00.50 (CET)[beäntwurdzje]