Oerlis:Japansk skaken
Appearance
Shōgi
[boarne bewurkje]Wat moatte wy krekt mei dy namme? It Frysk had gjin ō, mar Japansk wurdt net mei Latynsk skrift skreaun. Mysha (oerlis) 8 jul 2024, 09.58 (CEST)
- Yn 'e regel net, mar der bestiet wol in offisjeel systeem om it Japansk te transliterearjen nei it Latynske skrift. Sjoch: en:Hepburn_romanization. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jul 2024, 22.19 (CEST)
- J-a, mar dat is dan nei it Ingelsk. Dat jout dan deselde problemen as by Peking, dêr't de ofsjele transliteraasje Běijīng foar Friezen mar min is, mar it Ingelsk efter in P in h seit, en "Pheking" wie in kriem foar de Sinezen. Ik woe mar sizze: Neffens my seit dy transliteraasje net in soad; kinne wy net sizze fan '将棋', mei as transliteraasje "Sjogi", as wat Fryske sjogi-spilers ek sizze? Mysha (oerlis)
- Nee, dat is net nei it Ingelsk, dat is nei it Latynske skrift. Jo betiizje twa ferskillende dingen. It foarbyld fan Peking is hiel wat oars. Yn dat gefal wurdt de Sineeske namme foar de Sineeske haadstêd neffens it offisjele pinyinsysteem yndie nei it Latynske skrift transliterearre as Běijīng, mar it Frysk (en trouwens it Nederlânsk en it Ingelsk ek) hawwe in eigen namme foar dy stêd (nammentlik Peking), dy't net mear as in Sineesk wurd beskôge wurde kin (hoewol't it iuwen lyn grif út it Sineesk oernommen en doe yn dy Westerske talen ferbastere is). Transliteraasje is it stelselmjittich ien foar ien oersetten fan klanken út it skrift fan 'e iene taal nei it skrift fan 'e oare taal. It ferskil tusken Peking en Běijīng hat neat mei transliteraasje te krijen, mar is itselde as tusken Parys en Paris, Kopenhagen en København of Grins en Groningen (nammen út talen dy't itselde skrift brûke en dus net transliterearre hoege te wurden). Foar termen dêr't it Frysk in eigen wurd foar hat (bgl. Peking) bin ik in grut foarstanner fan it brûken dat eigen wurd. Mar dat is hjir net oan 'e oarder. Mar it giet hjir hielendal net om in Frysk wurd, mar in Japansk wurd. Der wurdt ta ynformaasje fan 'e lêzer even de Japanske term foar Japansk skaken neamd, shōgi, en dan is it de baas om de offisjele transliteraasjeregels te brûken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jul 2024, 19.54 (CEST)
- Tank foar de útlis; skynbar wie myn foarbyld net dúdlik. Dat '将棋' is grif de Japanske namme, mar at wy sizze wolle hoe't dat yn it Frysk is, kinne wy it YFA (tink) brûke om't eat te jaan wat oanjout hoe't it klinkt, as werstavere nei it Frysk om dúdlik te meitsjen hoe't it yn it Frysk sein wurdt. Wat der no stiet, stiet net by dat it YFA is, en it Frysk hat net in ō. Mysha (oerlis)
- O, jo wolle derby hawwe hoe't it Japanske wurd útsprutsen wurde moat. Sa hie ik it net begrepen. No ja, dat kin fansels altyd. Ik sil it wol even tafoegje. Sa'n streekje boppe in fokaal hjit trouwens in makron en dat jout altyd oan dat it om in lang lûd giet. Ik haw even op en: by de fonetyk fan it Japansk opsykje moatten oft it Japansk de o fan bok of de o fan hok hat. It blykt de o fan bok te wêzen. In o mei in makron is dus de lange oo fan rook. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 jul 2024, 16.04 (CEST)