Springe nei ynhâld

Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan YFA)
Oersjoch fan it heule Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet.

It Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet (YFA) is in notaasjestelsel foar de lûden dy’t in de minsklike spraak foarkommen. Dit is foar it meastepart grûnfêste op it Latynske alfabet.

Yn de Utwreide YFA is noch in heule rige diaktretyske tekens byfoege om lytse spraakferskillen oan te jaan. Der bestiet ek in útklaaide YFA yn ASCII-tekens: SAMPA. It YFA wurdt benammen brûkt troch taal- en spraakkundigen.

Yn 1886 hat in groep Frânske en Britske taaldosinten, ûnder lieding fan Paul Passy, it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet opsetten. Dizze organisaasje hat it earste Fonetysk Alfabet gearstalt. It earste alfabet wie op it Romaanske Alfabet grûnfêste, mar om it stelsel brûkber te krijen foar alle talen koe dit fan taal ta taal feroare wurde. Sa is de klank [ʃ] bygelyks oarspronklik mei <c> oanjûn yn it Ingelsk, mar mei <x> yn it Frânsk. Yn 1888 is it alfabet lykwol oanpost om dit foar alle talen lyk te krijen.

Sûnt it opstelle fan it alfabet is dizze mear as iens feroare. Benammen yn 1900 en 1932 waarden grutte oanpassings dien. Nei 1932 bleaun it alfabet oant 1989 net feroare. Yn 1993 fûn der in lytse oanpassing plak. Njonken it tafoege en fuorthelje fan symboalen, hawwe de symboalen faak ek oare nammen krigen.

It hjoeddeiske alfabet is grûnfêste op it Latynske alfebet, en makke sa min mooglik gebrûk fan net-Latynske symboalen. Alhoewol’t it alfabet mear as 100 symboalen befettet foar klanken, hoege se net allegear tagelyk brûkt te wurden.

De letters fan it alfabet binne rûchwei ûnderferdield yn trije groepen: Pulmonyske bylûden, net-pulmonyske bylûden en lûden.

Pulmonyske bylûden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pulmonyske bylûd is in bylûd dy’t foarme wurdt troch de loft út de longen te stjitte ynstee fan de glottis of mûle. Binne dizze groep wurde lûden ûnderferdield nei artikulaasjepunt en manear fan artikulaasje:

Artikulaasjepunt Labiaal Koronaal Dorsaal Radikaal Glottaal
Bilabiaal Labiodintaal Dintaal Alveolaar Postalveolaar Retrofleks Palataal Velaar Uvulaar Pharyngeaal Epiglottaal
Manear fan artikulaasje
Nasaal    m    ɱ    n    ɳ    ɲ    ŋ    ɴ  
Plosyf p b t d ʈ ɖ c ɟ k ɡ q ɢ   ʡ ʔ  
Frikatyf ɸ β f v θ ð s z ʃ ʒ ʂ ʐ ç ʝ x ɣ χ ʁ ħ ʕ ʜ ʢ h ɦ
Approksimant    β̞    ʋ    ɹ    ɻ    j    ɰ      
Tril    ʙ    r     retroflekse trill    ʀ    я*  
Tap of Flap    ⱱ̟        ɾ    ɽ      ɢ̆      ʡ̯  
Laterale Frikatyf ɬ ɮ *    *    *       
Lateral Approksimant    l    ɭ    ʎ    ʟ  
Lateral Flap      ɺ    *    ʎ̯    ʟ̆    

Noaten:

  • In Asterisk (*) betsjut dat it lûd noch net in amtlik symboal hat yn it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet.
  • † wol sizze dat it symboal noch mar krekt tafoege is oan Unikode. Sûnt Unikode 5.1.0, is dit it gefal foar de labiodintale flap.
  • By twa symboalen neist elkoar yn itselde fak stiet it lofter symboal foar de stimleaze klank, en de rjochter foar de stimhawwende klank.
  • Grize flakken tsjutte lûden oan dy’t as ûnmooglik út te sprekken sjoen wurde.
  • De symboalen ʁ, ʕ, ʢ? Fertsjintwurdigje stimhawwende frikativen of approksimanten.

Ko-artikulaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ko-artikulaasjes binne lûden mei twa artikulaasjepunten, dy’t tagelyk brûkt wurde.

ʍ Stimleaze labio-velêre approksimant
w Stimhawwende labio-velêre approksimant
ɥ Labiaal-palatale approksimant
ɕ Stimleaze alveolo-palatale frikatyf
ʑ Stimhawwende alveolo-palatale frikatyf
ɧ Stimleaze palataal-velêre frikatyf

Affrikaten en dûbele artikulaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Affrikaten en Dûbel artikulearre bylûden wurde werjûn mei symboalen dy’t besteane út twa oare symboalen, ferbûn mei in ferbiningsstreek.

Teken Namme
t͡s Stimleaze alveolêre affrikaat
d͡z Stimhawwende alveolêre affrikaat
t͡ʃ Stimleaze postalveolêre affrikaat
d͡ʒ Stimhawwende postalveolêre affrikaat
t͡ɕ Stimleaze alveolo-palatale affrikaat
d͡ʑ Stimhawwende alveolo-palatale affrikaat
c͡ç Stimleaze palatale affrikaat
ɟ͡ʝ Stimhawwende palatale affrikaat
t͡ɬ Stimleaze alveolêre laterale affrikaat
k͡p Stimleaze labial-velêr plosyf
ɡ͡b Stimhawwende labiaal-velêr plosyf
ŋ͡m labiaal-velêre nasaal

Net-pulmonyske bylûden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net-pulmonyske bylûden binne lûden wêrfan de loftstream net ôfhinklik is fan de longen. Yn dizze groep befynt him de kliks, ymplosiven en ejektiven.

Klik Ymplosyf Ejektyf
ʘ Bilabial ɓ Bilabiaal ʼ as foarbyld:
ǀ Laminale alveolêre ("dental") ɗ Alveolaar Bilabiaal
ǃ Apical (post-) alveolaar ("retrofleks") ʄ Palataal Alveolaar
ǂ Laminaal postalveolaar ("palataal") ɠ Velaar Velaar
ǁ Laterale koronaal ("lateraal") ʛ Uvulaar Alveolêre frikatyf

It Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet dielt de bylûden neffens de posysje fan de tong by it úsprekken.

Lûden sûnder symboalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noch net alle lûden hawwe yn it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet in symboal krigen.

De lege fjilden kinne sûnder in soad muoite ynfolt wurde bywannear’t dat ea nedich is. De symboalen foar nije bylûden wurde faak foarme troch de symboalen foar al besteande bylûden eat oan te passe.

De “e” kin ferfong wurde.

toanletter yn YFA Fryske toan útlis
éé ekstra heech
ée heech
ee midden
èe leech
èè ekstra leech
ee- lange toan
? heallange toan