Oerlis:Israelyske Arabieren
Appearance
@Kneppelfreed: Goejûn. Arabyske Israëliërs? Neffens my moat it Israelyske Arabieren wêze. It binne etnyske Arabieren dy't yn Israel wenje. Ferlykje "Bosnyske Serviërs", etnyske Serviërs dy't yn Bosnje wenje. En de Westerlauwerske Friezen soene grif ek omskreaun wurde moatte as Nederlânske Friezen, en net as Fryske Nederlanners. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 mrt 2023, 21.25 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk, goeie. Ja jo hawwe fierders wol gelyk, mar dit wurdt yn oara talen ek sa brûkt, útsein de Arabysktalige dy't 48 Arabieren brûkt ferwizende nei it jiertal 1948 om't hja Israel net erkenne. As jo it graach feroare hawwe wolle is it my wol goed. Kneppelfreed (oerlis) 2 mrt 2023, 00.29 (CET)
- @Kneppelfreed: Goeie. Nl: en de: dogge it yndie oars. Ik freegje my ôf oft dêr wol goed oer neitocht is, mar hawar. Mar der binne, as ik it item op Wikidata oereagje, teminsten likefolle Wikipedyen dy't "Israelyske Arabieren" dogge, bgl. Deensk (Israelske arabere), Katalaansk (Àrabs d'Israel), Spaansk (Árabe israelí), Frânsk (Arabes israéliens), Noarsk (Israelske arabere), Portegeesk (Árabes israelenses), Roemeensk (Arabii israelieni), ensfh. No ja, as it jo neat útmakket, dan doch ik it dochs leaver even oarsom. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 mrt 2023, 16.11 (CET)
- Wat wolle jimme no krekt sizze: Marsbewenners fan Jupiter-komôf? Jupiter-bewenners dy't resinter Marsbewenners binne? Mars-seloaten dy't ea Jupiter-oanhingers wienen? Minsken tusken twa wrâlden binne net maklik mei in protte efterheaksel te fangen. Mar dêr binne de ferhâldingswurden foar útfûn. Aliter (oerlis) 2 mrt 2023, 20.26 (CET)