Oerlis:Ierdappeldoller (masine)
Appearance
@romke fan tomke (daam): Ik haw de kategory:Lânbou-ark feroare yn kategory:Lânboumasine, om't der ek al in kategory:Boere-ark wie (foar heafoarken en oar soksoarte hânark), en 'lânbou-ark' en 'boere-ark' frijwol net útinoar te hâlden binne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 jun 2017, 22.00 (CEST)
- In ierdappeldoller docht dochs fral tinken oan in minske dy't jirpels dolt? Ik soe ierdappeldolmasine útstelle wolle. Drewes (oerlis) 10 jun 2017, 22.08 (CEST)
- Liket my in goed idee. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 jun 2017, 22.18 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk en Drewes: Dy kategoryferoaring is my bêst, ik ha dêr earlik sein folslein gjin sicht op. Wat de namme fan it artikel oanbelanget: Tsja, wat sil ik der fan sizze. It is 2017, ik bin gjin fjirtjin mear en tink mar amper mear yn minskewurk wat bodzjen oanbelanget. Wy hiene it (en dat is al in aardich set lyn) ek altyd oer de ierdappeldoller as wy it stik ark bedoelden dat ik bin bang dat de jongerein fan hjoeddedei en yn de takomst alhielendal dy konneksje mei minskehannen net mear lizze sil (it hat der wol oan dat se witte wat in gripe is). Mar ik sil der gjin messen om lûke dat as jo it omneame nei masine is my dat ek bêst. romke fan tomke (daam) (oerlis) 10 jun 2017, 22.23 (CEST)
- @romke fan tomke (daam): & @Drewes: Jo hawwe folslein gelyk wat "de jeugd fan tsjintwurdich" oangiet. Ik soe dejingen net te iten jaan wolle, dy't echt wier miene dat sûkelarjemolke fan readbûnte kij komt. Ik wol hjir ek beslist gjin spul om ha, mar ik fûn wol dat Drewes in punt hie. We kinne ek foar de tuskenoplossing gean: ierdappeldoller (masine). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 jun 2017, 22.29 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk en Drewes: It makket my echt hielendal neat út hear dat dat spul sil wol wat tafalle. Mar ik ha it gewoan skreaun sa't wy dat wend wiene. Ik leau net dat der daliks ien om sykje sil, se sille almeast trochklikke fan 'ierdappel' ôf. En ik fyn 'Ierdappeldolmasine' in net gongber wurd dat my de mûle net útkomme soe. Mar nochris: it makket my neat út. romke fan tomke (daam) (oerlis) 10 jun 2017, 22.36 (CEST)
- @romke fan tomke (daam): & @Drewes: No ja, goed, sjoch, ik kom net út 'e lânbou -- dat wol sizze, de ikkerbou -- (ús heit wie feehâlder), dat ik haw op dit mêd gjin idee wat gongber is en wat net. Mar 'ierdappeldoller (masine)' liket my in moai kompromis ta, en dan kinne we 'ierdappeldolmasine' hjirhinne trochwize. As Drewes it der ek mei iens is, fansels. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 jun 2017, 22.42 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk en Drewes: It makket my echt hielendal neat út hear dat dat spul sil wol wat tafalle. Mar ik ha it gewoan skreaun sa't wy dat wend wiene. Ik leau net dat der daliks ien om sykje sil, se sille almeast trochklikke fan 'ierdappel' ôf. En ik fyn 'Ierdappeldolmasine' in net gongber wurd dat my de mûle net útkomme soe. Mar nochris: it makket my neat út. romke fan tomke (daam) (oerlis) 10 jun 2017, 22.36 (CEST)
- @romke fan tomke (daam): & @Drewes: Jo hawwe folslein gelyk wat "de jeugd fan tsjintwurdich" oangiet. Ik soe dejingen net te iten jaan wolle, dy't echt wier miene dat sûkelarjemolke fan readbûnte kij komt. Ik wol hjir ek beslist gjin spul om ha, mar ik fûn wol dat Drewes in punt hie. We kinne ek foar de tuskenoplossing gean: ierdappeldoller (masine). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 jun 2017, 22.29 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk en Drewes: Dy kategoryferoaring is my bêst, ik ha dêr earlik sein folslein gjin sicht op. Wat de namme fan it artikel oanbelanget: Tsja, wat sil ik der fan sizze. It is 2017, ik bin gjin fjirtjin mear en tink mar amper mear yn minskewurk wat bodzjen oanbelanget. Wy hiene it (en dat is al in aardich set lyn) ek altyd oer de ierdappeldoller as wy it stik ark bedoelden dat ik bin bang dat de jongerein fan hjoeddedei en yn de takomst alhielendal dy konneksje mei minskehannen net mear lizze sil (it hat der wol oan dat se witte wat in gripe is). Mar ik sil der gjin messen om lûke dat as jo it omneame nei masine is my dat ek bêst. romke fan tomke (daam) (oerlis) 10 jun 2017, 22.23 (CEST)
- Liket my in goed idee. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 jun 2017, 22.18 (CEST)
It is slimmer hearen. Drewes hat in syn libben beide oantsjuttings nea heard. It wie altyd jirpelroaier en jirpelroaie. Ik fyn beide titels mei 'masine' bêst genôch. Drewes (oerlis) 10 jun 2017, 23.00 (CEST)