Ierdappeldoller (masine)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Trekker mei ierdappeldoller
Moderne selsridende ierdappeldoller
In trekker mei in frontlofklapper en doller
Trekker mei bunkerdoller

In ierdappeldoller of ierdappelroaier is in masine om ierdappels mei te rispjen, dat foar it earst yn 1852 ûntwikkele waard. It doel fan dizze masine is de ierdappel út de grûn te heljen en frij te meitsjen fan stiennen, grûn, lof en túch. Foar in part bart dat troch de meganiken, by guon (âldere) masines is ek plak oan in transportbân foar minskehannen.

Dizze masines komme yn allerhanne ôfmjittings en foarmen foar. Hokker type brûkt wurdt hinget fan de stân fan de meganisaasje en skaalfergrutting en de pleatslike wize fan wurkjen ôf.

In oersjoch fan de meast hantearre kombinaasjes:

  • trekker mei dolmasine (krêftboarne en dolmasine binne twa ûnôfhinklike masines) sûnder bunkeropslach
  • trekker mei dolmasine en bunkeropslach
  • trekker mei frontlofklapper en doller, al of net mei bunkeropslach
  • selsridende (krêftboarne en dolmasine binne ien gehiel) dolmasine sûnder bunkeropslach
  • selsridende dolmasine mei bunkeropslach

De moderne komplekse masines meitsje it mooglik grutte hoemannichten ierdappels yn ien wurkgong sûnder skansearjen te rispjen.

Tapassing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De moderne masines kinne troch beskate ûnderdielen oan te passen ek foar it rispjen fan oare tylten ynset wurden.

Tylten: