Oerlis:Einfûgels

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

De Karolina-ein (Aix sponsa) wurdt hjir breidein neamd, it skaai gekskape-einen. Kloppet dat wol? RomkeHoekstra (oerlis) 22 feb 2024, 19.53 (CET)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: Ik kin "breidein" nearne weromfine, útsein hjirre, mar ik fermoedzje sterk dat de namme dêr troch deselde persoan ynfierd is dy't it hjir der ek op set hat, of dat se it dêre hjirwei helle hawwe. Ik haw der sterk myn twifels by en soe it op Karolina-ein hâlde, eventueel mei de fermelding fan breidein as synonym. Oer gekskape-einen kin ik hielendal neat weromfine. Wat it uterlik fan 'e fûgels oangiet, kin ik my der wat by foarstelle ('gekskape' = Ned. zottekap). De namme 'boskeinen', dy't hjir no brûkt wurdt, is in letterlike oersetting fan 'e Ingelsk beneaming wood ducks. Ik haw gjin beswier tsjin gekskape-einen as jo dat better fine. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 feb 2024, 22.24 (CET)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Ik hie noch nea fan it hiele wurd gekskape heart. Net dat soks wat útmakket, mar boskeinen komt my wat gewoaner oer as gekskape-einen en se sitte ek faak yn beammen. Ha it wurd breidein ferfongen troch karolina-ein en der apart by set. Tank foar jo reaksje.--RomkeHoekstra (oerlis) 22 feb 2024, 23.00 (CET)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ik haw it boekje Fûgels fan Sake P. Roodbergen. Dêr stiet de Karolina-ein net yn, seach ik justerjûn. Mar nei't ik de kompjûter ôfsletten hie, siet ik der noch wat yn te sneupen. Doe lies ik it artikeltsje oer de nau besibbe mandarynein (s. 176). Dat einiget mei: "In soart dy't wol wat op de mandarynein liket, is de Karolina-ein (Carolina-eend, Aix sponsa) út Noard-Amearika." Dan sitte we dus mei de namme Karolina-ein op it goede spoar. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 feb 2024, 00.12 (CET)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Noch in fraach oer dit lemma: ik sjoch hjir yn 'e tekst dat foar dierenammen haadletters brûkt wurde (kom ik ek earne oars wol ris tsjin). Yn it Nederlânsk is de regel gjin haadletter, mar hoe is dat yn it Frysk? En ik sjoch hjir ek sinnen as '5 libbene en 1 útstoarne soarten'. Neffens my gefoel kin dat sa net en ik ha hjir en dêr al wat oanpast, mar foar de wissichheid freegje ik it dochs mar nei, om't der al in soad minsken oer it lemma gear west ha en nimmen de oanstriid hie om it te feroarjen. Dêrom twifelje ik wat of ik it sels wol by it rjochte ein ha.--RomkeHoekstra (oerlis) 25 feb 2024, 20.09 (CET)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ja, dy dierenammen mei haadletters bin ik der hjir op 'e Wikipedy al withoelang fuort oan it wjudzjen. Dat moat net, mar it wurdt soms dien yn dieregidsen en it is hjir blykber sa oernommen. De regel is: dierenammen allinnich mei in haadletter as it in geografyske oantsjutting is, lykas by Yndyske ein of Koromandelein. De Koromandel is in âlde beneaming foar de súdeastkust fan Yndia (en de Malabar is de súdwestkust). Dêrfoar moatte je fansels wol witte wat in geografyske namme is wat net. Ik skreau by de rûchpoathinnen fan gunnisonwaaierhin of Gunnisons waaierhin, om't ik tocht dat dy soarte nei in persoan ferneamd wie. Docht bliken dat de Gunnison in rivier yn Colorado is. Dan is it dus wol Gunnisonwaaierhin, krekt as bgl. Rynsalm, as dat in soarte wêze soe.
Wat jo taalgefoel oangiet, hoege jo net yn noed te sitten. "5 libbene en 1 útstoarne soarten" is yndie krom taalgebrûk, grammatikaal sjoen. Dat der in soad lju oer gear west hawwe... mwâh, falt wol ta. Ik sjoch yn 'e sideskiednis dat Aliter it skreaun hat, doe hawwe der in hiel soad bots west dy't ynterwiki's taheakken doe't dat noch net fia Wikidata rûn, dêrnei haw iksels nei de kategoryen sjoen, Wutsje hat ien staveringsdinkje ferbettere, Tulp8 hat de keppelings nei betsjuttingssiden ferbettere en RuurdJorritsma is mei de taksonomyske yndieling oan 'e gong west. Ik tink dat net ien sûnt it ûntstean fan 'e side de rinnende tekst yn syn gehiel tsjin it ljocht holden hat. Fiel jo frij om 'e boel te ferbetterjen as jo dêr tiid foar en/of nocht oan hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 feb 2024, 20.35 (CET)[beäntwurdzje]

Rinkelein[boarne bewurkje]

@Ieneach fan 'e Esk:

Ek dit kloppet hjir net. Brildûker is net de Fryske namme foar Bucephala clangula. Yn it boekje fan Sake Roodbergen hjit de Bucephala clangula rinkelein, de namme dus dy't hjir by Bucephala albeola stiet. Dan is de Bucephala islandica de Yslânske rinkelein en de Bucephala albeola de bollekopein (of soksawat). Ik hie fanút einfûgels it lemma oer de brildûker al skreaun, mar ik feroarje dat artikel fan 'e brildûker alfêst yn rinkelein. Dy fan it skaai pas ik ek oan en mochten jo bollekopein net goed of passend fine, dat kin dat letter wol oanpast wurde. Om gjin betizing te bringen feroarje ik hjir ynearsten neat en wachtsje jo reaksje ôf.--RomkeHoekstra (oerlis) 29 feb 2024, 13.43 (CET)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: Ja, dêr is in flater yn slûpt. Dat kin foarkomme mei sa'n list dêr't mar gjin ein oan kaam, dan ferlieze je op 't lêst it oersjoch. Ik stel foar om foar de albeola dan mar gewoan de namme 'buffelkopein' oan te hâlden. 'Buffel' is yn it Frysk itselde, dus der is neffens my gjin reden om dêr wat oars foar te betinken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 mrt 2024, 00.12 (CET)[beäntwurdzje]