Springe nei ynhâld

Rinkelein

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Brildûker)
rinkelein

jerkje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai rinkeleinen (Bucephala)
soarte
Bucephala clangula
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel

     wintergast


De rinkelein (Bucephala clangula) is in fûgelsoarte fan it skaai rinkeleinen út de famylje einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 as Anas clangula publisearre troch Carolus Linnaeus. De namme clangula waard fan Conrad Gesner oernommen, dy't him as skaainamme foar deselde soarte brûkte.

Rinkeleinen wurde 45 oant 50 sm lang en ha in spanwiidte oant 80 sm. It eintsje weecht tusken de 500 en 1.300 gram.

Brildûker neffens plaat 75 fan Ornithologia Neerlandica, deel 1 (1922), E.D. van Oort (kleurplaat fan M.A. Koekkoek.

Tusken de fearren fan 'e jerkjes en wyfkes bestiet in grut ferskil. It jerkje hat swart-wite fearren en in donkergriene, glânzgjende kop. Tusken de eagen en de swarte snaffel is in grutte wite flek. Opfallend binne de ljochtgiele eachjes fan 'e jerkjes, dy't de ein de Ingelske namme Goldeneye joegen. Bûten de briedtiid hawwe jerkjes deselde fearren as de wyfkes. Folwoeksen mantsjes binne dan lykwols noch troch it karakteristike patroan op 'e fleugels fan 'e wyfkes te ûnderskieden.

Wyfkes hawwe grize fearren en in donkerbrune kop, sûnder wite flek. By wyfkes is de iris parelwyt. De poaten binne readeftich.

De noch net folwoeksen rinkeleinen lykje op de folwoeksen wyfkes, mar binne oer it generaal wat bruner. It wite diel fan 'e wjukken is lytser en minder opfallend. De iris hat in ljochtgrize kleur. De jerkjes fan 'e juvenilen binne troch in wat gruttere omfang fan jonge wyfkes te ûnderskieden. Jerkjes hawwe yn 'e earste pronkklaaiïng noch in brune kop en dêrtusken swarte fearren.

De Amerikaanske ûndersoarte Bucephala clangula americana is wat grutter as de Europeeske nominaatfoarm B. c. clangula. D

Jerkje en wyfke.

De rinkelein komt yn in ûnbidich grut gebiet op it Noardlik healrûn yn Noard-Amearika, Europa en Aazje foar oant de beamgrins. De súdlike grins fan it ferspriedingsgebiet wurdt foarme troch de wâldsteppe. Súd dêrfan komme ek noch in soad brildûkers foar, mar mear lokaal. It Europeeske ferspriedingsgebiet bestiet út grutte dielen fan Skandinaavje, dielen fan 'e Noarddútske leechflakte, it noarden fan Poalen en it Europeeske diel fan Ruslân.

Rinkelein mei proai.

Rinkeleinen ite slakken, kreeften, planten, lyte fiskjes, ynsekten en larven. De brildûker kin om syn fretten ûnder wetter te heljen goed dûke, oant wol acht meter djip.

De rinkeleinen libje by en op marren en wide plassen. Oarspronklik is it in soarte dy't op fiedselearm wetter foarkaam, mar hjoed-de-dei kolonisearje de einen ek fiedselryk wetter yn Sintraal-Europa. Ek wurde de fûgels by en op stadich streamend wetter sjoen, as der genôch gelegenheid bestiet om dêr te brieden. Bûten de briedtiid sammelje de fûgels har yn groepen op gruttere marren en oan rêstich wetter oan 'e iepen kust.

Wyfke mei in grut tal piken.

It wyfkes leit acht oant alve grienblauwe aaien, dy't yn 30 dagen útbret wurde. De piken binne brún- oant swartwyt as se útkomme. Om't by de rinkelein briedparasitisme foarkomt, kin in lechsel oprinne oant wol 20 aaien. Nêsten binne yn likernôch 45 sm djippe holtes yn beammen. Faak brûkt de ein nêsten fan in swarte spjocht. Yn Skandinaavje wurde in soad nêstkasten ophongen by de rânen fan marren.

Einepiken.

It Europeeske tal fûgels wurdt op likernôch 250.000 briedpearkes rûsd. De hiele populaasje rust it IUCN op mear as 2 miljoen fûgels. De soarte wurdt net as bedrige beskôge. Troch de opwaarming fan it klimaat soe de rinkelein tsjin 'e ein fan 'e 21e iuw út grutte dielen fan it súdlike en westlike diel fan it ferspriedingsgebiet ferdwine kinne, dêrfoaroer soe de noardlike ferspriedingsgrins fierder nei it noarden opskowe kinne.

Yn Nederlân is de rinkelein in seldsume briedfûgel mei sa'n 5 oant 10 briedpearkes. Tusken Swol en Dimter wurde oan 'e Isel út en troch nêsten oantroffen yn 'e holten fan knotwylgen. Bûten de briedtiid is dat oars en yn 'e wintermoannen binne der tûzenen einen yn 'e rivierendelta, op 'e Iselmar en oare marren en plakken. Tichteby, yn Dútslân, nimt it tal rinkeleinen yn Sleeswyk-Holstein, Meklenburch-Foarpommeren en Beieren ta, ek al ha de fûgels yn Sleeswyk-Holstein in soad lêst fan 'e predaasje fan beamotters.

Der binne twa ûndersoarten:

  • B. c. clangula: noardlik Euraazje;
  • B. c. americana: noardlik Noard-Amearika.
Jerk ♂ Sijke ♀ Wittenskiplike
namme
B. c. clangula
B. c. americana

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schellente