Springe nei ynhâld

Oerlis:Earedifyzje

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dei @Drewes: Hjir op 'e wiki hawwe we Belgje. Taalweb liket ek net konsekwint te wêzen, want se sizze fan België en Servië, mar ek wer fan Itaalje en Grut-Brittanje. Ik miende dat we hjir op 'e wiki de "-je" foarm oanhâlde soene --Kneppelfreed (oerlis) 31 jan 2021, 21.02 (CET)[beäntwurdzje]

@Kneppelfreed: Goeie. We hawwe yndie in ôfspraak dat we de foarmen op -je brûke sille, mar dat jildt allinnich foar de titels fan artikels en kategoryen. En dat is bedoeld om in bytsje lykfoarmigens en konsekwintens te skeppen. Dus de siden oer de lannen hjitte bgl. Belgje en Itaalje en yn de byhearrende kategoryen wurde dy foarmen ek brûkt. Yn 'e rinnende tekst stiet it lykwols elkenien frij om foarmen op -ië te brûken as hy of sy dat wol. Beide foarmen binne ommers goed en as it in link is, is der wol in trochwizing dy't de lêzer te plak bringt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 feb 2021, 00.49 (CET)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Okee bêst genôch, tankewol foar de útlis --Kneppelfreed (oerlis) 1 feb 2021, 02.54 (CET)[beäntwurdzje]