Springe nei ynhâld

Oerlis:Dwercheinen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Underfamylje

[boarne bewurkje]

@Ieneach fan 'e Esk:@Ieneach fan 'e Esk: As ûnderfamylje binne hjir swannen en guozzen (Anserinae) tafoege. Mar neffens my is dat net sa, it giet by dwercheinen om einen, ek al liket de snaffel op in goes. Of sjoch ik dat ferkeard? RomkeHoekstra (oerlis) 24 feb 2024, 14.00 (CET)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: Goed dat jo dêr even nei fernimme. Sjoch, wy sizze fan 'dwercheinen', mar eins binne dizze trije soarten nei alle gedachten nauwer besibbe oan 'e guozzen as oan 'e einen. Dêrom sprekt men yn it Ingelsk ek fan pygmy geese - pygmeeguozzen dus. Ik haw de yndieling fan 'e goeseftigen en hineftigen in jier as wat ferlyn foar mysels útskreaun doe't ik de artikels goes- en hineftigen, goeseftigen en hineftigen makke haw. Mar ik sjoch no dat der op en: wat feroare is: de dwercheinen binne by Anserinae weihelle en steane no fermeld ûnder it kopke unresolved. Der is dus blykber mank ornitologen ûndúdlikheid of ûnienichheid oer. Ik sil Anserinae dêrom hjir fuorthelje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 feb 2024, 22.02 (CET)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Tank foar jo reaksje!--RomkeHoekstra (oerlis) 24 feb 2024, 22.56 (CET)[beäntwurdzje]