Oerlis:De Hobbit
Ik haw it ferhaal yn oare talen lêzen, mar ik haw it idee dat it ferhaal ûnder de bergen yn ús plot net krekt past by ien fan beide ferzjes fan Tolkien. Is dat mei sin, of moat ik it feroarje? (At it feroare wurde moat, moat it dan neffens de oarspronklike tekst, of neffens de ferzje sa't dy no is.) Mysha (oerlis)
- By myn witten is der mar ien ferzje fan Tolkien. Ik wit ek net wat jo bedoele mei "dat it ferhaal ûnder de bergen yn ús plot net krekt past by ..." Ik nim oan dat jo mei "it ferhaal ûnder de bergen" de passaazje bedoele wêryn't Bilbo Gollum moetet? De Ingelske Wikpedy hat dêr stean:
Passing over the Misty Mountains, they are caught by goblins and driven deep underground. Although Gandalf rescues them, Bilbo gets separated from the others as they flee the goblins. Lost in the goblin tunnels, he stumbles across a mysterious ring and then encounters Gollum, who engages him in a game of riddles. As a reward for solving all riddles Gollum will show him the path out of the tunnels, but if Bilbo fails, his life will be forfeit. With the help of the ring, which confers invisibility, Bilbo escapes and rejoins the dwarves, [...]
- Ik bin dêr frij ticht by bleaun, fyn ik, mei hjir en dêr in stikje oanfolling út myn ûnthâld fan doe't ik it boek sels lêzen haw:
Se stekke de Diisbergen oer, mar oare kant de berchpas komme ierdmannen harren oer it mad en wurde se de grotten yn dreaun. Hoewol't Gandalf harren fannijs rêdt, ferliest Bilbo op harren flecht foar de ierdmannen de oaren út it each. Yn 'e tsjustere tunnels rekket er alhiel paadbjuster, mar dan fynt er by tafal, of sa liket it alteast, in mysterieuze ring. Koart dêrnei rint er it nuvere wêzen Gollum tsjin it liif, dat mei him in riedlingspul oangiet. As beleanning foar it jaan fan alle goede antwurden sil Gollum Bilbo it paad út 'e tunnels wize, mar as de hobbit in flater makket, mei Gollum him deameitsje en opfrette. Uteinlik freget Bilbo Gollum wat er yn syn bûse hat (de ring), en dêr moat Gollum it antwurd op skuldich bliuwe, dat it wêzen begjint him nei boppen en nei bûten ta te lieden, mar dan falt it antwurd him ynienen yn (want hy is it, dy't de ring ferlern hat), en sil er op Bilbo oanfalle. Op datseldichste stuit, lykwols, glidet de ring Bilbo om 'e finger en kin Gollum him net mear sjen. It duorret eefkes ear't de hobbit foar it ferstân kriget dat de ring him ûnsichtber makket, mar as er dat ienris snapt, brûkt er it om ierdmannen nei bûten ta folgjen en op dy manear út 'e tunnels te ûntkommen. Hy jout him wer by Gandalf en de dwergen [...]
- Yn it boppesteande komt de griene tekst yn 'e Ingelske ferzje net foar. Ofsjoen fan in pear lytse tafoegings giet it dêrby om in beskriuwing fan it riedlingspul, dat de Ingelske tekst oerslacht, mar dat neffens my wol wichtich is foar de rest fan it ferhaal, benammen it feit dat de ring in eigen wil hat. Neffens my wurdt hjir persiis fertelt wat yn it boek stiet, dus as jo it dêr net mei iens binne, sille jo even wat krekter oanjaan moatte wêr't it jo om giet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 mrt 2018, 22.28 (CEST)
- Prima. Dan wit ik dat it net mei sin wie. Wat ik seach wie yndie yn de moeting mei Gollum. Dy griene tekst liket yndie net te stroken mei wat ik der noch fan wit. At ik fan 'e middei ûnder de toets de tiid fine kin sykje ik it nei. Mysha (oerlis)
- Goed, ik haw de side oanpast mei it boek derby yn it Ingelsk. Ik kin neat sizze oer de Fryske nammen, mar oars strookt it no, sa fier ik it sjen kin. It is faaks al wat út it lykwicht, mei haadstikken yn ien rigeltsje en haadstikken mei folle mear detail. Hawar, sjoch mar wat wy hâlde kinne en wat dochs oars moat. Ik bin eins net tefreeds oer hoe't de hobbit yn de tunnels it selskip kwytrekket, mar it strookt al, en oars wurdt it gau noch langer. Mysha (oerlis)
- Hm, de oanpassing fan de tekst troch Tolkien moat der noch by, mar ik wit de jierren net krekt út de holle. Doe't er Master fan de ringen skreau, hat er De hobbit oanpast om't it belang fan de ring grutter waard. Dat, krekt yn de moeting mei Gollum is it ferhaal feroare. Mysha (oerlis)
- Prima. Dan wit ik dat it net mei sin wie. Wat ik seach wie yndie yn de moeting mei Gollum. Dy griene tekst liket yndie net te stroken mei wat ik der noch fan wit. At ik fan 'e middei ûnder de toets de tiid fine kin sykje ik it nei. Mysha (oerlis)
Bêst. Ik miende dat it sa wol goed wie, mar it kin wêze dat myn ûnthâld net sa sekuer is, of, en dat hat ek wol kâns, dat ik de boekferzje fan it ferhaal yn myn ûnthâld betize haw mei de filmferzje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 mrt 2018, 23.23 (CEST)
- Dat kin goed, want de films fertelle dúdlik net it boek; de films fertelle allinnich itselde ferhaal. Mysha (oerlis)
Noch even wat oer jo útspraak: It is faaks al wat út it lykwicht, mei haadstikken yn ien rigeltsje en haadstikken mei folle mear detail. Dêr haw ik ris even oer neitocht, mar neffens my is dat net foar te kommen. As jo in boekbesprek skriuwe, moatte jo it ferhaal gearfetsje. Ut ien haadstik kin faak folle mear weilitten wurde as út it oare, om't it boekbesprek wol begryplik bliuwe moat foar minsken dy't it boek hielendal noch net lêzen hawwe. Dus soms kinne hiele ferhaallinen (hiele haadstikken) dy't eins mar in sydsprong fan 'e haadferhaalline foarmje, weilitten wurde, wylst oare haadstikken krekt frij yngeand behannele wurde moatte om't it besprek oars fierderop yn 'e knipe komt. Neffens my is it ûndwaanlik (en ek ûnwinsklik) om oan elts haadstik likefolle omtinken te skinken yn in gearfetting. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 mrt 2018, 00.28 (CEST)
- Fansels is dat sa. Mar ik haw dy lytse dingen oanpast, wylst it foar in part likegoed wurkje soe at dy dinkjes gewoan fuortlitten wienen. Ik bin net wis fan hoefolle dêrfan op de side stean moat. Mysha (oerlis)
- O, sa. Ik tocht dat jo it langer meitsje woene, mar ik begryp no dat jo it eins ynkoartsje wolle. Tsja, ik sis net dat dit de iennichste mooglike ferzje fan it boekbesprek is, mar hjir haw ik foar keazen. Ik fyn dat dat riedlingspul wol in wichtich plak ynnimt, net allinnich mei it each op it fierdere ferrin fan De Hobbit, mar benammen ek as, hoe moat ik it sizze... as 'ûnderbouwing' fan de plot fan The Lord of the Rings. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 apr 2018, 15.52 (CEST)