Springe nei ynhâld

Oerlis:Myanmar

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Birma)

Myanmar of Birma?

[boarne bewurkje]

It regear fan Birma hat yn 1988 de namme fan it lân yn Myanmar feroare. Nederlân erkent dizze feroaring, wy sprekke yn it Nederlânsk gewoanwei dus ek fan Myanmar. Is der in goede reden om dit yn it Frysk net te dwaan? Myanmar stiet gewoan yn it Frysk Hânwurdboek. Iksels sis ek altyd Myanmar en brûk de namme Birma eins noait. Myn foarstel: feroarje de namme yn Myanmar en beneam Birma as alternative/ferâldere foarm. PDZ124169 (oerlis) 20 feb 2020, 22.40 (CET)[beäntwurdzje]

Dêr bin ik it net mei iens. Persoanlik fyn ik Birma in folle bekendere namme as 'Myanmar', mar los dêrfan is it yn elts gefal in foarm dy't yn it Frysk folle makliker ferbûgd wurde kin as Myanmar. It stiet fansels elts regear fan in lân frij om in oare namme te kiezen, mar ik sjoch net yn wêrom't je sokke nije nammen yn it Fryk oernimme moatte soene. Finlân hjit eins ek Suomi, en Grikelân hjit eins Hellas; dêr geane we dochs ek net yn mei? En it regear fan Swazylân hat ferline jier de namme Swaziland feroare yn Eswatini. Ik sjoch gjin inkele reden om sokke ûnFryske nammen yn it Frysk oer te nimmen as der al in prima alternatyf bestiet. Eltsenien wit wol wat der mei 'Swazylân' of 'Birma' bedoeld wurdt, en oars kin er it yn it artikel lêze. Salang't der yn 'e ynlieding dúdlik fermeld wurdt wat de offisjele namme is, liket my ta dat der gjin misferstân ûntstean kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 feb 2020, 22.53 (CET)[beäntwurdzje]

Yn myn eagen is Birma dochs echt wol in ferâldere namme. Ik hie der foar in petear dat ik hjoed mei ien hie noch nea fan heard, wylst Myanmar my wol bekend wie. Yn de iennichste Fryske teksten dêr't ik de namme Birma sjoch (nei in flugge sykopdracht by Google) wurdt it beneamd as alternative foarm fan Myanmar. Op taalweb.frl krij ik ik "neat fûn" wannear't ik op Birma sykje. Yn myn eagen is der ek neat dreech oan de ferbûgings Myanmareesk(e), Myanmarees (man), Myanmarese (frou). De nammen Birma en Myanmar ha beide gjin Fryske oarsprong, dus dat liket my gjin argumint om it ien boppe it oar te kiezen. Hjir en dêr sjoch ik yn it Nederlânsk wol de namme Birma, mar dat is by útsûndering. Myanmar liket yn de praktyk fan alle kanten de standert te wêzen. It liket my dat wy dat we safolle mooglik by dy praktyk oanslute moatte. PDZ124169 (oerlis) 20 feb 2020, 23.26 (CET)[beäntwurdzje]

Tsja, jo hawwe fansels rjocht op jo miening, mar ik bin it totaal mei jo ûniens. As jo noch nea fan Birma heard hiene, dan binne jo neffens my echt in útsûndering. Dat Birma net fan Fryske oarsprong is, dat kin fansels foar de nammen fan alle lannen sein wurde. Ik sjoch echt gjin inkele reden om in poerfrjemde namme as Myanmar oer te nimmen, seker net as dy ek nochris ynfierd is troch in militêre diktatuer tsjin 'e wil fan 'e demokratyske opposysje en brûkt wurdt as middel om 'e minderheden yn it lân harren rjochten te ûntsizzen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 feb 2020, 23.40 (CET)[beäntwurdzje]
Der soe hjir wolris sprake wêze kinne fan in generaasjekleau. Yn de media wurdt hjoed-de-dei allinnich noch Myanmar sein, is folslein ynboargere, is neat poerfrjemds oan. It docht my gjin nij dat de jongerein nea fan Birma heard hat. Boppedat is it (part fan) de offisjele namme fan dat lân. Hoe't de namme ûnstien is, en de politike redenen dy't der efter sitte, docht net ta de saak. Drewes (oerlis) 21 feb 2020, 17.26 (CET)[beäntwurdzje]
Foar beide is wol wat te sizzen. Geoffrey (oerlis) 21 feb 2020, 20.30 (CET)[beäntwurdzje]

Moatte we der oars even oer stimme? It makket my neat út oft it Birma bliuwt of as it feroare wurdt ta Myanmar. Ik tink @Drewes: hat wol in punt. Kneppelfreed (oerlis) 21 feb 2020, 20.42 (CET)[beäntwurdzje]

Ik hie it idee dat dit in ympuls fan in inkele meidogger wie om't ik hjir fierder noch nea ien oer heard haw, mar as der mear stimmen opgeane om dizze lannenamme oan te passen, dan moat der yndie mar in stimming komme. Dat kin dan it bêste op 'e algemiene oerlisside, tink ik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 feb 2020, 22.58 (CET)[beäntwurdzje]
It Frysk Hânwurdboek hat it oer Myanmar, Birma is dêr net yn te finen. De lêste jierren is Myanmar ek de namme dy't konsekwint yn de media brûkt wurdt. Ik ha der fierder net in sterke miening oer, mar as der in stimming oer komt dan kies ik op basis fan dy arguminten foar Myanmar. Fansels kin yn de ynlieding dan wol dúdlik makke wurde dat Myanmar ek wol Birma neamd wurdt/waard. Magna Frisia (oerlis) 4 mrt 2021, 22.37 (CET)[beäntwurdzje]
It lân hjit Myanmar. Omneame! Drewes (oerlis) 4 mrt 2021, 23.28 (CET)[beäntwurdzje]
Koart mar krêftich. Sille wy de side sa dan ek mar neame? Magna Frisia (oerlis) 5 mrt 2021, 12.10 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, gean jo gong mar --Kneppelfreed (oerlis) 5 mrt 2021, 17.36 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw myn miening hjiroer earder al dúdlik makke. "Myanmar" is neffens my in útlânsk wurd foar wat yn it Frysk gewoan Birma hjit. Dat ik wol for the record even optekenje dat ik poer op dizze omneaming tsjin bin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 mrt 2021, 22.28 (CET)[beäntwurdzje]

De foarkarswurdlist foar it Frysk hat it oer Myanmar en seit “gjin resultaten fûn” wannear’t je op Birma sykje. Myanmar en Birma binne beide gjin nammen mei in Fryske oarsprong. Birma docht foar it gefoel miskien Frysker oan, mar neutraal besjoen sjoch ik neat om oan te nimmen dat Myanmar minder Frysk wêze soe. Sa as ik al sei ha ik der fierder net in sterke miening oer, mar by twivel fyn ik persoanlik dat je de foarkarswurdlist oanhâlde moatte. Magna Frisia (oerlis) 3 apr 2021, 21.40 (CEST)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk, Drewes, Kneppelfreed, FreyaSport, Magna Frisia, Magna Frisia, en Otto S. Knottnerus: Myanmar of Birma, it hie my fierder neat útmakke, mar is it net better dat der ien namme brûkt wurdt? (De kategoryën steane allegear noch op Birma).--RomkeHoekstra (oerlis) 15 apr 2024, 20.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw nea in foarstanner west fan it omneamen fan it artikel oer Birma ta "Myanmar" (sjoch de diskusje hjirboppe). Ik bin lykwols oerstimd en dêr haw ik yn prinsipe wol frede mei. Mar by sa'n omneaming is it oan dejinge dy't de omneaming hawwe wol, om ek de kategoryen om te neamen. Dejinge dy't yn dit gefal de omneaming ôftwongen hat, hat him dêr net om bekroade. Yn sa'n sitewaasje fiel ik my net roppen om 'e rommel op te romjen dy't in oar efterlit.
Los dêrfan liket it my ek in bealchfol sinleas wurk. Wa't it nijs oer Birma de lêste wiken wat folget, wit dat yn 'e boargeroarloch dêre de rebellen oan 'e winnende hân binne. Ik hearde ferline wike op it NOS Sjoernaal dat se ferwachtsje de militêre gûnta binnen 3 oant 5 jier ferslein te hawwen. De namme "Myanmar" komt út 'e koker fan 'e gûnta en is ûnferbreklik ferbûn mei de militêre diktatuer. Je kinne der gerêst fergif op ynnimme dat dy namme yn 'e foddekoer ferdwynt sadree't it lân befrijd is. Ik wit net oft dan "Birma" wer yn eare hersteld wurdt of dat der in oare namme betocht wurdt, mar yn elts gefal liket it my mei it each op dizze ûntwikkelings ûnsinnich om 'e kategoryen om te neamen ta "Myanmar". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 apr 2024, 03.22 (CEST)[beäntwurdzje]
Oh, ik bin in "Birma"-oanhinger. Dat "Burma" is fierstenste Ingelsk (taal) nei myn smaak. Ik bin leaver wat behâldend (Is dat in goed Frysk wurd?), om foar te kommen dat wy hieltiten foar nije ferzjes feroarje moatte. (Mar doe't der stimd waard wie ik der net.) Mysha (oerlis)