Oerlis:Bad Nijeskâns

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Namme[boarne bewurkje]

Drewes, Ieneach, Kneppelfreed: de Fryske namme foar dit doarp is neffens my Nijeskâns, sûnder Bad, sa't der ek gjin Grinzer is dy't it oer Bad (Nij) Schaanze hawwe sil (fgl. nds-nl:Schaanze). De side Fryske talen yn Dútslân fan 'e Afûk, dy't op dit stuit as boarne foar dy 'Fryske' namme jûn wurdt (kepp, kepp, argyf), hat it no just eksplisyt oer Nijeskâns sûnder Bad. Ek yn De Krant Van Toen fine jin dy stavering, mei en sûnder dakje, lyk as yn 'e kranten en boeken by Delpher (kepp, kepp). Dat Bad derfoar is doedestiids optocht mei it each op 'e Dútske merke foar Fontana en faaks hat dat holpen, ik wit it net, mar yn it Frysk liket my dat Bad histoarysk sjoen net goed. Wutsje 20 jul 2020, 00.42 (CEST)

@Wutsje: Tsja... It wurd Bad waard pas yn 2009 offisjeel oan de namme taheake. De keppelings dy't jo jouwe komme fan foar dy tiid tink. En yn de sprektaal wurdt nim ik oan noch altyd sprutsen fan Nijeskâns/Nij Schaanze/Nieuweschans/Neuschanz. Dus ik wit it net. Kneppelfreed (oerlis) 20 jul 2020, 00.51 (CEST)
Bad moat bliuwe. It plak hjit nammentlik offisjeel Bad Nieuweschans en dat al alve jier. Dêr hoecht net oer harsenskrabbe te wurden. Lit út de tekst blike dat de Fryske folksmûle it meast - noch - oer Nijeskâns hat. Drewes (oerlis) 20 jul 2020, 18.27 (CEST)
Lange-ikkerskâns ---> Langeakkerschans, pleasjebleaft. Drewes (oerlis) 20 jul 2020, 22.45 (CEST)
Net allinnich de folksmûle, ek DKVT jout nul hits foar Bad Nijeskâns en Bad Nijeskans (kepp). We hoege dat mâle Bad hjir net te folgjen, dat dogge Grinzers sels ek net. As der in âlde Fryske namme foar it plak bestiet (en dat is hjir sa, sjoch bgl. hjir of hjir), dan is dat de meast gaadlike namme. De stêd Grins hjit offisjeel al iuwen Groningen en dat brûke we hjir ek net. Wutsje 20 jul 2020, 18.48 (CEST)
Oanfolling: sjoch ek Google Books. Wutsje 21 jul 2020, 05.07 (CEST)
De oarspronklike Fryske namme wie Nijeskâns, dat is dúdlik. Mar yn 2009 is der oan 'e offisjele Nederlânsktalige namme in stik tafoege. Je kinne deroer tsiere oft dat no ferstannich west hat of dat it nearne nei liket, mar feit is dat dat "Bad" no diel útmakket fan 'e offisjele namme. Oan dizze side hawwe wy de Fryske namme jûn om't dy húsriem is. Dy Fryske namme is net offisjeel. Moatte we dêr dan de tafoeging "Bad" oan taheakje? Dat fyn ik in drege fraach. Om't yn it deistich taalgebrûk net ien seit fan 'e "Ik moat hjoed nei Bad Nijeskâns" soe myn earste kar leau 'k wêze om it fuort te litten yn 'e sidetitel, mar it wol daliks te neamen yn 'e oanhef: "Nijeskâns of Bad Nijeskâns (Nederlânsk: Bad Nieuweschans) is in plak yn Grinslân enfsh.". Mar oarsom, sa't it op dit stuit is, kin ik der ek bêst mei libje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 jul 2020, 23.28 (CEST)
Ikke net, om it sa mar te sizzen, mar wat jo foarslagge, fyn ik bêst. It Frysk hat al iuwen eigen nammen foar plakken bûten Fryslân, wis en fêst foar dy yn it Nedersaksyske gebiet. Dy toponimen wiene der al doe't it Hollânsk op syn heechst yn 'e tsjerke, yn it bestjoer en troch pommeranten brûkt waard en doe't fierhinne de measte minsken neat mei Hollân te krijen hiene. Grins, Dimter, De Like, Sâltkamp, Swol, Stienwyk (elk plak yn 'e Stellingwerven) en dus ek Nijeskâns: allegearre geef Fryske nammen. Gjin minske hat it oer it heal Dútske, heal Fryske Bad Nijeskâns, sjoch de keppelingen dy't ik jûn haw. Dan noch leaver Bad Nieuweschans. En dy "boarne" foar Bad Nijeskâns moat der yn alle gefallen út (dy seit ommers no krekt Nijeskâns), lyk as dat noch. Wutsje 22 jul 2020, 04.46 (CEST)

Ik haw de nammereferinsje ferpleatst, want dy sloech sa yndie nearne op. Wat moat der fierders barre, mannen? We hawwe hjir twa meidoggers dy't eins diametraal ferskillende mienings hawwe en twa dy't it net witte of net folle útmakket. Kinne @Drewes: en @Wutsje: der yn ûnderling oerlis útkomme of moatte we wer stimme? En wol @RomkeHoekstra: hjir ek noch wat oer sizze? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 jul 2020, 22.42 (CEST)

At it op stimmen út komt, dan soe ik sizze om it foarearst mar sa te litten hoe't it no is. Mocht der bewiis wêze dat de offisjele Fryske namme nei 2009 noch hieltyd Nijeskâns is, dan kinne we it feroarje. Kneppelfreed (oerlis) 23 jul 2020, 05.58 (CEST)
Ik kin my fine yn it sizzen fan Kneppelfreed. It is oars gjin halssaak foar my (Wutsje). De tiid stiet net stil en sil it leare, nammen kinne feroarje. Drewes (oerlis) 23 jul 2020, 17.17 (CEST)
Ik hoech hjir fierder net in soad oan ta te foegjen. It wurd Bad en Nijeskâns is wat in wûndere kombinaasje, mar dat jildt likegoed foar de Nederlânsktalige namme. As dy minsken dêr dat wurd der graach foar ha wolle, soe 'k der mar net te swier oan lûke. Dat Bad Nijeskâns is my wol bêst.--RomkeHoekstra (oerlis) 23 jul 2020, 18.44 (CEST)
(nei bwk) Stimme liket my wat oerdreaun, we soene it hjir mei konsensus oprêde kinne moatte. Nammen kinne yndied feroarje, mar ik haw noch gjin boarnen sjoen foar de stelling dat Bad Nijeskâns no de offisjele Fryske namme wêze soe. Dy bestean ommers ek net, lyk sa't De Haach, Inkhuzen, Roan en Súdlaren gjin offisjele Fryske nammen binne - mar Fryske nammen binne it wól en dat ek al lang. Yn 'e rin fan de tiid binne der yn myn eagen nuvere, mâle nammen optocht foar toponimen bûten Fryslân, ek op dizze wiki (fgl. Hellefuotslûs, De Rûne Feanen, Widemarren), mar Nijeskâns is net sa'n betinksel, sa't ik hjirboppe al sjen litten haw. Stel no: de stêd Dimter beslút (nettsjinsteande in soad gedonder mei Swol) himsels om te neamen nei IJsselstad. Dan wurdt de Fryske namme dochs net ynienen Iselstêd? As De Haach it yn 'e kop kriget en brûk tenei allinnich noch `s-Gravenhage, dan feroaret de Fryske namme dochs net? Yn myn eagen is it mei Bad Nieuweschans net oars. As it foar Drewes dan dochs gjin halssaak is, dan soe ik it tige op priis stelle en we dogge it hjir neffens de foarslach fan Ieneach. Wutsje 23 jul 2020, 19.01 (CEST)
Sa't ik al earder sein haw, makket Nijeskâns of Bad Nijeskâns my it measte net út. Mar wat jo hjirboppe skriuwe, Wytsje, dêr bin ik it dan wer net alhiel mei iens. Hellefuotslûs fyn ik in hiel normale Fryske namme; sa hawwe wy dat yn 'e hûs altyd neamd as it ter sprake kaam (wat fansels net eltse dei is). En as der in plak wie dat himsels "IJsselstad" neamde, tink ik dat der gjin (Frysktalige) Fries wêze soe dy't it oer "IJsselstad" hawwe soe: de foar de hân lizzende ferfrysking is dan neffens my logyskerwize "Iselstêd", krekt sa't ek Lelystêd en de Blauwestêd yn Grinslân gjin histoaryske Fryske plaknammen binne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jul 2020, 20.18 (CEST)
It spyt my tige, mar ik kin it ferskil tusken in histoaryske Fryske plaknamme en in ferfryske omneamde plaknamme blykber net goed genôch útlizze (útsein oan Grinzers). Hellefuotslûs kin ik oars mei en sûnder dakje net yn Delpher of Google Books fine, Nijeskâns wol. My liket dat it yn in ensyklopedy úteinlik altyd om boarnen gean moatte soe. Wutsje 24 jul 2020, 02.28 (CEST)
Sorry dat ik jo "Wytsje" neamde; ik haw blykber krekt nêst de goeie toets tikke. Wat de plaknammen oangiet, ik leau dat ik jo wol begryp. Jo wolle hawwe dat Nijeskâns in histoaryske Fryske plaknamme is, en bgl. Blauwestêd in moderne plaknamme dy't we hjir yn 'e skriuwtaal ferfryske hawwe om't dat yn 'e Fryske sprektaal no ienris ek min ofte mear automatysk dien wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 jul 2020, 20.56 (CEST)
Sa is it. As it wier en inkeld om ferfryskingen fan 'e offisjele namme gean soe, hiene we it hjir oer eat as Hartochsynbosk ynstee fan oer ir histoaryske De Bosk, want de offisjele namme is ommers 's-Hertogenbosch. At se de haadstêd fan Dútslân omneame ta Merkelstadt, feroaret de histoaryske Fryske namme Berlyn dochs ek net earder as dat de nije namme hâld en wâld krigen hat. Foar Bad Nijeskâns is op dit stuit gjin boarne te finen (kepp). Afijn, lit ik it hjir fierder mar by hâlde. Wutsje 27 jul 2020, 01.18 (CEST)