Oerlis:Algemien direkteur
Appearance
@Ieneach fan 'e Esk: Jo oersetting fan chief executive officer nei "útfierend haadofsier" liket my net goed ta. 'Haaddirekteur' of 'haadfunksjonaris' soe ik earder ferwachtsje at it oer it bedriuwslibben giet. Drewes (oerlis) 14 feb 2018, 20.50 (CET)
- @Drewes: Nee, ik bedoel net dat dat in synonym is fan 'algemien direkteur'. It gong my der om om even in letterlike oersetting te jaan fan chief ("haad-") executive ("utfierend") officer ("ofsier"). It is hielendal net myn bedoeling om te bewearen dat 'útfierend haadofsier' yn it Frysk of uitvoerend hoofdofficier yn it Nederlânsk brûkt wurdt. (Want dat is net sa.) Mar de Ingelske term chief executive officer, almeast ôfkoarte ta CEO, wurdt tsjintwurdich wól yn it Nederlânsk brûkt, dat it sil grif net lang mear duorje foar't dy term ek yn it Frysk opdûkt, as er yn 'e sprektaal al net no al hjir en dêr brûkt wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 feb 2018, 22.20 (CET)