Springe nei ynhâld

Oerlis:Aldetrine

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ynwennertallen

[boarne bewurkje]

Ik ha de ynwennertallen fan it lemma yn in tabel set. It nuvere wie dat it doarp yn 1954 377 ynwenners hie en yn 1959 noch mar 155. Dat is in wol hiel foarse tebekgong. Wit immen of dit kloppet of dat hjir in fersin makke is? It soe fansels kinne dat it doarp in stik gebiet kwyt rekke is, mar ik bin fierder net bekend yn dy hoeke. RomkeHoekstra (oerlis) 15 apr 2023, 09.52 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik bin dêr ek net bekend, mar de Encyclopedie van Friesland út 1958 jout Aldetrine 358 ynwenners. Yndie nuver. Drewes (oerlis) 15 apr 2023, 16.52 (CEST)[beäntwurdzje]
Myn earste gedachte wie, it falt gear mei de meganisaasje fan 'e lânbou, mar doe't ik ris wat better nei de getallen seach, liek it my yndie raar ta dat in doarp yn 5 jier tiid dêrtroch mear as 50% fan syn ynwenners kwytreitsje kin. As Drewes seit dat der yn 1958 noch 358 ynwenners wiene, dan liket my ta dat hjir in typflater makke is. It getal foar 1959 sil wol 355 wêze moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 apr 2023, 21.33 (CEST)[beäntwurdzje]
Meganisaasje hat fansels in soad dien mei de ynwennertallen, mar it ferskil is wol hiel grut. It doarp hie yn 1910 439 ynwenners neffens Oldelamer.info. As it doarp yn 1958 noch 358 en yn 1959 noch 355 ynwenners hie en yn 1964 144, dan sit der ek tusken dy lêste twa jierren wer in ûnbidich grut ferskil fan hast 60% minder ynwenners. Ik soe soks allinne ferklearje kinne troch in ferlies fan ynwenners troch in weryndieling fan it doarpsgebiet. It is hiel nuver. Sille wy it sa mar gewurde litte of ha jim leaver dat der in pear jierren wiske wurde? --RomkeHoekstra (oerlis) 15 apr 2023, 21.49 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Dat is ek wer wier. Dan soene je hast sizze: de flater sit by 1954. Doch oars 1954 fuort en set dêrfoar yn it plak it 1910 mei 439 ynwenners. Dat liket my dan it bêste. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 apr 2023, 21.59 (CEST)[beäntwurdzje]