Springe nei ynhâld

Odo Bujwid

Ut Wikipedy
Odo Bujwid
persoanlike bysûnderheden
fakgebiet bacteriology[*]
berop esperantist[*], biolooch[*], microbiologist[*]
lân Keizerryk Ruslân, Second Polish Republic[*]
geslacht man
berne 30 novimber 1857
berteplak Vilnjûs
stoarn 26 desimber 1942, 25 desimber 1942
stjerplak Krakau
famylje
troud mei Kazimiera Bujwidowa[*]
bern Zofia Mostowska[*], Helena Jurgielewicz[*]
heit Feliks Bujwid[*]

Odo Feliks Kazimierz Bujwid (Vilnjûs, 30 novimber 1857 - Krakau, 26 desimber 1942) wie in Poalsk pionier yn de bakteriology en hygiëne. Bujwid wie ien fan de earste Poalske wittenskippers dy't him dwaande hold mei faksins. Hy wie professor yn Krakau en in aktive esperantist.

Odo Bujwid waard op 30 novimber 1857 yn Vilnjûs berne as soan fan in klerk. Hy brocht dêr syn jonkheid troch. Dêrnei ferhuze de húshâlding nei Warsjau. Doe't er 15 wie waarden hy en syn twa jongere susters wees. Om syn susters te stypjen joech Bujvid priveelessen. Hy gie nei it 3e Gymnasium yn Warsjau, mar makke dy skoalle net ôf. Nei it heljen fan it Matura-eksamen gyng er yn 1879 nei de medyske fakulteit fan de Universiteit fan Warsjau.

Under syn stúdzjes krige er niget oan histology en bestudearre minsklik sputum. Yn 1885 ferfear er nei Berlyn, dêr't er studearre by Robert Koch, dy't trije jier earder de feroarsakers fan tuberkuloaze ûntdutsen hie. In jier letter gie er werom nei Warsjau en rjochte dêr it earste bakteriologysk laboratoarium fan Poalen op. Hy studearre ôf oan de Fakulteit fan de Genêskunde en krige syn diploma op 14 jannewaris 1886.

Yn 1886 reizge er nei Parys, dêr't er de metoaden fan Louis Pasteur bestudearre om in faksin tsjin hûnsdûmens te meitsjen. Nei't er werom kaam iepene er it earste faksinaasjesintrum yn Poalen neffens de metoade fan Pasteur. Hy joech kursussen yn bakteriology oan dokters. Yn 1887 publisearre er syn lêzingen yn in boek, dat it earste Poalske learboek oer bakteriology waard. Hy wurke ek yn bakteriologyske laboratoariums yn Sint-Petersburg en Odessa.

Yn 1893 ferhuze er nei Krakau, dêr't er oan it haad kaam te stean fan de ôfdieling hygiëne oan de Jagiellonyske Universiteit. Rillegau rjochte er it twadde Poalske Pasteursintrum op. Hy sette syn ûndersyk nei tuberkuloaze fuort. Hy wie de earste yn Poalen dy't in anty-tuberkuloazesearum produsearre dat er yn Warsjau en Krakau meitsje liet. Letter sette er útein mei de produksje fan oare searums. Tagelyk dosearre er hygiëne en bakteriology oan de universiteit. Yn 1896 waard er lid fan de gemeenteried fan Krakau en holp er by de oanlis fan wetterlieding en riolearring yn de stêd. Yn 1897-1907 wie Bujwid direkteur fan it Ynstitút foar Fiedselûndersyk yn Krakau. Teffens waard er professor yn hygiëne en bakteriology yn 1899. Yn 1904-1905 waard er dekaan fan de medyske fakulteit fan de Jagiellonyske Universiteit. Yn 1920 foltôge er syn wurk oan de Jagiellonyske Universiteit en gyng er mei pinsjoen. Dochs bleau er dielnimmen oan wittenskiplike konferinsjes.

Bouyvid publisearre likernôch 400 wittenskiplike artikelen, dêr't sa'n 200 fan bakteriology as ûnderwerp hiene.

Bujwid wie in freon fan betinker fan it Esperanto, Ludwik Lejzer Zamenhof. Op it 8e Wrâldkongres fan Esperantisten yn Krakau yn 1912 wie er foarsitter fan it organisaasjekomitee. Yn 1922 waard Bujwid op it 1e Kongres fan Poalske Esperantisten ta foarsitter fan it Nasjonale Esperantobûn keazen. Yn 1924 ferienige er de Poalske Esperantistyske beweging. Hy wie ek de redakteur fan Pola Esperantisto en waard ta earelid fan de World Association of Esperantist Doctors keazen.

Yn 1932 stoar syn frou, wêrnei't er útein sette mei it skriuwen fan syn memoires. Bujwid stoar yn Krakau op 26 desimber 1942 yn de âldens fan 85 jier.