O.C. Hooymeijer

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Oc hooymeijer-1637494302.jpg

Onno Casper (O.C.) Hooymeijer (Vlaardingen, 4 maart 1958 is in Nederlânske byldzjend keunstner. Hy wennet yn Spangea.

Hooymeijer studearre yn 1981 ôf oan de Willem de Kooning Akademy. Yn 2021 wûn Hooymeijer de Fryske Gerrit Benner Priis.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei 1981 folgen in protte searjes keunstwurken, lykas Red Light District, Indian Portraits en Contemporary 17th Century Portraits. Wurk út dy earste rigen wiene ûnder mear te sjen by Reflex Modern Art Gallery yn Amsterdam, Museum Jan (it eardere Museum Jan van der Togt) yn Amstelfean en Smelik & Stokking Galleries yn De Haach en Amsterdam. It keunstwurk ‘O.C. Hooymeijers Panorama van Amsterdam’ waard yn 2002 útstald troch it Amsterdamsk Histoarysk Museum as part fan de tentoanstelling Liefde te Koop. Yn de perioade 2009 – 2012 makke er de searjes Misbruik, Katholiek Misbruik en De Verering.

Yn syn wurk stie de minske lange tiid sintraal. Yn syn searjes The Great Exotic Birdshow (2014 ), de Wondere Vogelwereld fan O.C. Hooymeijer (2016) en De net-bestaande vogels van Europa (2018) makke de minske plak foar de fûgel. Lykas syn eardere wurk, springe de tematyske oanpak, ekspresjonistyske styl en omlisting yn it each. By eksposysjes fan dizze searjes makke hy ûnder oare gebrûk fan geur en lûd, mei as doel de sjogger in 'totaalbelibbing' te bieden.

Yn 2018 iepene er oan it Fuotpaad yn Spangea de Kijkhut voor de niet-bestaande Vogels van de Rottige Meenthe. Hy boude dizze fûgelsjochhutte net om 'gewoane' fûgels te spotten, mar om syn eigen, net-besteande eksimplaren te observearjen. De sjochhutte is in keunstwurk, mar tsjinnet ek as skûl- en rêstplak foar kuierders en fytsers.

As - neffens eigen sizzen - 'betinker' skreau er twa boeken oer net-besteande fûgels. De Nieuwe Gids voor de niet-bestaande VOgels van Europa hellee yn 2019 de shortlist fan de Jan Wolkers Priis.

Tusken 31 augustus 2020 en 25 oktober 2021 hied er alle wiken in kollumn yn it deiblêd Trouw. Yn dy kollumn presintearre er syn nije fynsten.

Nei oanlieding fan it takennen fan de Gerrit Bennerpriis yn 2021 hat it Frysk Museum fan 27 novimber 2021 oant 6 maart 2022 in eksposysje fan syn nijste wurk.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Kleine Gids voor de niet-bestaande Vogels van Europa (2016)
  • De Nieuwe Gids voor de niet-bestaande Vogels van Europa (2019)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: