Nu (groep)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Nu wie in Nederlânske keunstnersgroep út Grins.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nu waard op 3 maart 1959 oprjochte yn Grins. Oanlieding wie in lêzing fan de heechlearaar en keunsthistoarikus Schulte Nordholt by gelegenheid fan it fjirtichjierrich bestean fan keunstnersgroep De Ploeg.
Yn sekere sin wie Nu in krityske reaksje op it brekme oan fernijing yn dy tiid fan De Ploeg. Bestjoerlik waard Nu laat troch saneamde net-wurkjende leden. De keunstners fan de groep hoechden harren net te bekroadzjen om bestjoerlike en organisatoaryske saken.
Sechtjin keunstners sletten har fuortendaliks by Nu oan, ûnder mear de âld-Ploegleden Jan Jordens en Jan van der Zee, dy't dêrfoar al belutsen west wiene by de Grinzer keunstnersgroep Het Narrenschip. Ek in Martin Tissing en Henri de Wolf sleaten harren by Nu oan. Hoewol't de groep fan it begjin ôf oan omtinken krige yn 'e lanlike media ûnderfûne jin op it pleatslike flak in protte tsjinwurking. It bestjoer fan Pictura yn Grins wegere ynearsten alle meiwurking.[1] De doetiidske direkteur fan it Grinzer Museum, W. Jos de Gruyter, ien fan de inisjatyfnimmers ta de oprjochting fan Nu, stelde yn 1960 eksposysjeromte yn it museum beskikber, oars wol oars tsjin it sin fan it bestjoer.[2]
De jierren dêrnei hie de groep ek útstallings yn Pictura. Yn 1969 krige de groep in tentoanstelling ûnder de namme Wad Nu yn it Grinzer Museum. Ek bûten Grins waard yn dy jierren eksposearre, ûnder mear yn de Princessehof yn Ljouwert. De groep foel yn de rin fan de jierren dêrnei stadichoan út inoar.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jansen, Mariëtta Opkomst en ondergang van kunstenaarsgroep NU yn: Ploeg jaarboek, 2008, s. 62 t/m 75
  • Gruyter, W. Jos de Kunstenaarsgroep "Nu", útjouwer Grinzer Museum, 1960

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten