Notre Dame (Dinant)
Notre Dame | ||
Lokaasje | ||
lân | Belgje | |
plak | Dinant | |
koördinaten | 50° 15' N 4° 54' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Namen | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boustyl | gotyk | |
Kaart | ||
De Collegiale Notre Dame (Frysk: Kollegiale Us-Leaffrouwetsjerke) is in goatyske tsjerke yn 'e Belgyske stêd Dinant (Walloanje). It bouwurk waard fan grize kalkstien boud út 'e omkriten fan Dinant.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 'e 10e iuw yn romaanske styl boud, mar ferwoastge yn 1227, doe't in stik oerhingjende rots del kaam. Dêr kamen 36 minsken by om it libben. Allinnich it noardlike romaanske portaal fan dy eardere tsjerke bleau bewarre.
De nije tsjerke waard wer opboud yn goatyske styl. It koer en it dwersskip waarden om 1250 hinne foltôge. De tuorren en de trijeskippige tsjerke folgen yn likernôch 1280. De bou fan de middelste klokketoer, bekroand mei in sipelfoarmige opbou en lantearne, kaam yn 1566 ree. Dy klokketoer wie eins bedoeld foar it stedhûs. Tsjin it ein fan 'e 16e iuw krige it middenskip en it dwersskip in nij ferwulft. It koer hat in omgong, mar gjin kapellekrâns.
Yn 'e 19e iuw en nei in bombardemint yn 1914 wiene der restauraasjes oan de tsjerke.
It finster yn it dwersskip waard makke troch de glesker Gustave Ladon (1863-1942) en heart ta de grutste glêsruten yn Jeropa. Yn it rút wurde Bibelske foarstellings ôfbylde.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|