Springe nei ynhâld

Noardfryske Feriening

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nordfriesische Verein)
Noardfryske Feriening
(Nordfriesischer Verein)
algemiene ynformaasje
ôfkoarting NFV
nasjonaliteit Dútsk
type org. feriening
wurkmêd Noardfryske kultuer en polityk
haadkertier Bredstedt (Dútslân)
off. taal Dútsk
oprjochte 13 augustus 1902
orgaan Nordfriesische Jahrbuch
tal leden 4.700
aktyf yn Noard-Fryslân
offisjele webside
www.nf-verein.de

De Noardfryske Feriening (Dútsk: Nordfriesische Verein), gauris ôfkoarte ta NFV, is ien fan 'e beide grutte kulturele organisaasjes fan 'e Noardfryske minderheid yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Dizze organisaasje waard al yn 1902 oprjochte, en sjocht de Noardfriezen as in streekidentiteit mei in eigen taal, kultuer en skiednis binnen in grutter Dútsk ramt. Yn 'e fisy fan 'e NFV moat dy eigen taal en kultuer beholden wurde, mar kin der fan in nasjonale minderheid of in ôfsûnderlike etnyske identiteit gjin sprake wêze. Op dat punt stiet de NFV rjocht foar de Friisk Foriining oer, de oare grutte Noardfryske kultuerorganisaasje.

De twaspjalt mank de Noardfriezen giet úteinlik werom op 'e geografyske posysje fan 'e Noardfryske minderheid yn it grinsgebiet fan Dútslân en Denemark. Yn 1864 wie Sleeswyk ûnder de Twadde Dútsk-Deenske Oarloch troch de Dútsers ferovere op 'e Denen, mei as gefolch dat de Noardfriezen en in oansjenlike etnysk Deenske minderheid ûnder Dútsk bestjoer kamen. Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch waard der yn 1920 yn Sleeswyk in folksriedplachting holden, wêrby't it meastepart fan 'e ynwenners fan Noard-Sleeswyk foar oansluting by Denemark stimden, wylst it meastepart fan 'e befolking fan Súd-Sleeswyk by Dútslân bliuwe woe. Sadwaande waard Sleeswyk doe midstwa spjalten: it noarden kaam wer by Denemark, mar it suden, mei Noard-Fryslân bleau by Dútslân.

De NFV wie ûnderwilens op 13 augustus 1902 oprjochte as in dútsksinnige organisaasje, dy't tsjin 'e weropnimming fan Sleeswyk (en dêrmei fan Noard-Fryslân) yn Denemark wie. Troch it referindum fan 1920 waarden de ferhâldings tusken de dútsksinnigen en de deensksinnigen mank de Noardfriezen op skerp set. It gefolch wie dat de deensksinnigen, dy't gjin inkele sibskip mei Dútslân fielden en derfoar stribbe hiene dat ek Noard-Fryslân wer opnommen wurde soe yn Denemark, yn 1923 in eigen organisaasje oprjochten, de Frysk-Sleeswykske Feriening (Friesisch-Schleswigsche Verein), dy't letter de Friisk Foriining wurde soe. Troch harren tsjinstelde politike ideeën kamen de NFV en de Friisk Foriining linerjocht foarinoar oer te stean, in sitewaasje dy't fuortduorre oant yn 'e 1960-er jierren, en de Noardfryske taalstriid in protte skea tabrocht. Lange tiid waard it skeel ek geande holden troch persoanlike rivaliteiten en antypatyen tusken de NFV-foaroanman Rudolf Muuß en Johannes Oldsen, de foarsitter fan 'e Friisk Foriining.

Hjoeddeistige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich is de NFV de grutste en ynfloedrykste fan 'e Noardfryske organisaasjes, mei 25 lokale ôfdielingen en likernôch 4.700 leden. Sûnt 1993 wie it de feriening fêstige yn Risum-Lindholm (Noardfrysk: Risem-Loonham), mar yn oktober 2010 loek de NFV yn by it saneamde Friisk Hüs yn Bredstedt (Noardfrysk: Bräist), dêr't ek de Friisk Foriining en de Noardfryske Ried harren burelen hawwe.

De NFV fersoarget û.m. taalkursussen en Noardfrysktalige berne-opfang en stipet Noardfrysktalige toaniel- en dûnsferienings en koaren. Elts jier op 21 febrewaris wurdt it folkloristysk festival Biikebrennen organisearre. Al fan 1902 ôf jout de NFV elts jier ek in jierboek út, it Dútsktalige Nordfriesische Jahrbuch, sûnt 1965 yn gearwurking mei it Noardfrysk Ynstitút.

Der bestiet fierders in nauwe gearwurking tusken de NFV en de Heimatbund Landschaft Eiderstedt ("Streekferiening Lânskip Eiderstedt"), de regionale feriening fan it al lang net mear Noardfrysktalige skiereilân Eiderstedt, dat súdlik fan it 'echte' Noard-Fryslân leit, mar noch wol binnen de grinzen fan 'e Kreis Noard-Fryslân. Dy gearwurking leit ek nochal foar de hân, want beide organisaasjes komme fuort út deselde folkloristyske tradysje. De HLE hat sa'n 800 leden. Sawol de NFV as de HLE wurkje nau gear mei de gruttere regionale feriening dy't de hiele dielsteat beslacht, de Schleswig-Holsteinischer Heimatbund ("Sleeswyksk-Holsteinsk Streekferiening").

Boppedat hawwe de NFV en de HLE, yn 'e mande mei de Friisk Foriining, de Feriening fan it Noardfrysk Ynstitút en de gemeente Hilgelân sitting yn 'e Frasche Redj of Freeske Räid ("Noardfryske Ried"). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e Noardfryske taal, kontakten mei oare minderheden yn Dútslân ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e Grutfryske Ried foarmet.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.