Heimatbund Landschaft Eiderstedt

Ut Wikipedy
Heimatbund Landschaft Eiderstedt
algemiene ynformaasje
ôfkoarting HLE
hist. namme Eiderstedter Heimat- und
   Geschichtsverein
nasjonaliteit Dútsk
type org. feriening
wurkmêd kultuer en taal fan Eiderstedt
haadkertier Garding (Sleeswyk-Holstein)
oprjochte 1913
tal leden 800
offisjele webside
www.heimatbund-eiderstedt.de

De Heimatbund Landschaft Eiderstedt (Dútsk foar "Streekferiening Lânskip Eiderstedt") of HLE is in regionale feriening ta behâld fan 'e kultuer en taal fan 'e lânstreek Eiderstedt. Dat is in skiereilân oan 'e Noardseekust fan 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein, fuort besuden it hjoeddeistige Noard-Fryslân. Oarspronklik hearde Eiderstedt ek ta it Noardfryske taalgebiet, mar al omtrint 1500 rekke it ûntfryske (omtrint deselde tiid as Grinslân), en sûnt wurdt der Nederdútsk sprutsen. It haadkertier fan 'e Heimatbund Landschaft Eiderstedt is fêstige yn Garding, en de organisaasje hat sa'n 800 leden.

De HLE waard op 14 novimber 1913 oprjochte ûnder de namme Eiderstedter Heimat- und Geschichtsverein. Dat waard dien yn neifolging fan in soartgelikense Noardfryske organisaasje, de Noardfryske Feriening, dy't yn 1902 ûntstien wie. Op 19 juny 1949 waard de namme feroare yn Heimatbund Landschaft Eiderstedt. De organisaasje stelt him ta doel om 'e belangen fan 'e lânstreek Eiderstedt te behertigjen, dy't troch de opheffing fan 'e Kreis Eiderstedt, op 23 febrewaris 1971, faai kommen wiene te stean. Fierdere doelstellings fan 'e HLE binne: it behâld fan 'e eigen (Nederdútske) taal, it werútjaan fan publikaasjes oer de skiednis fan 'e lânstreek, soarch foar de regionale argiven en stipe oan it streekmuseum yn Sankt Peter-Ording.

Fan âlds bestiet der in nauwe gearwurking tusken de HLE en de Noardfryske Feriening (NFV), dy't út deselde folkloristyske tradysje fuortkommen is. Sawol de HLE as de NFV wurkje nau gear mei de gruttere regionale feriening dy't de hiele dielsteat beslacht, de Schleswig-Holsteinischer Heimatbund ("Sleeswyksk-Holsteinske Streekferiening"). Boppedat hawwe de NFV en de HLE, yn 'e mande mei de Friisk Foriining, de Feriening fan it Noardfrysk Ynstitút en de gemeente Hilgelân sitting yn 'e Frasche Redj of Freeske Räid ("Noardfryske Ried"). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e Noardfryske taal, kontakten mei oare minderheden yn Dútslân ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e Grutfryske Ried foarmet.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: