Sankt Peter-Ording
| Sankt Peter-Ording / Sankt Peter-Urdem | ||
| Lokaasje gemeente Sankt Peter-Ording (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Eiderstedt | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 3.724 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 28,35 km² | |
| Befolkingsticht. | 131 ynw./km² | |
| Hichte | 3 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1967 (fusy) | |
| Postkoade | 25826 | |
| Offisjele webside | ||
| www.st-peter-ording.de | ||
| Kaart | ||
Sankt Peter-Ording (Noardfrysk: Sankt Peter-Urdem) is in gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en makket diel út fan it distrikt Noard-Fryslân. Sankt Peter-Ording hat 3.724 ynwenners (2024).
De gemeente bestiet út fjouwer ortsteile: Böhl, Bad, Dorf en Ording.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sankt Peter-Ording bestiet út ferskillende eardere doarpen. De namme fan it doarp St. Peter komt foar it earst foar yn in oarkonde út 1373. Foar dy tiid hiet it plak Ulstrup. De namme fan de Sint-Pitertsjerke (Sankt Peter) waard letter as plaknamme brûkt, om't Ulstrup troch fersânjen hiel wat lân ferlern hie. It is wis dat Friezen en Wytsingen harren yn it gebiet nei wenjen setten. Süderhöft/Böhl joech syn selsstannigens op nei de stoarmfloed fan 1553 en waard mei Sankt Peter feriene. It hjoeddeiske Ortsteil Ording wurdt yn in striidskrift yn 1445 as Urden neamd.
Ording en Sankt Peter ferienen harren tsjerklik al yn 1863, wylst de gemeentlike gearfoeging ta Sankt Peter-Ording pas op 1 jannewaris 1967 syn beslach krige. Op 26 april 1970 waard de gemeente ûnderdiel fan 'e nije kreis Noard-Fryslân. Oant dy tiid hie de gemeente by de doetiidske kreis Eiderstedt heard.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sankt Peter-Ording hat in strân dat wol tolve kilometer lang en op guon plakken oant twa kilometer breed is. Dat is gjin gewoan strân, mar in hiele grutte sânplaat dy't tsjin de kust oan groeid is. By de stedsdielen Bad en Ording kin der simmerdeis sels mei de auto op 'e strânplaat parkeard wurde.

Om't it strân sa flak is en it wetter by floed hiel fier opkomt, steane der al mear as hûndert jier hûzen op houten pealen fan wol sân meter heech.
Sankt Peter-Ording is it iennige baaiplak yn Dútslân dat de offisjele titel "Nordseeheilbad mit Schwefelquelle" drage mei. Yn 1953 waard der by it boarjen op in djipte fan 600 meter in medisinale swevelboarne fûn. Dêrtroch is it plak sûnt de jierren 1950 populêr as kueroarde foar minsken mei luchtwegen- of hûdproblemen.
Troch de ûnbidige romte en de hurde wyn op 'e westpunt is it strân de widze fan it Jeropeeske strânsilen (Strandsegeln). Sûnt de jierren 1960 binne hjir ek grutte wrâld- en Jeropeeske kampioenskippen organisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
