Springe nei ynhâld

Noord-Jeruël (De Houtigehage)

Ut Wikipedy
Noard-Jeruël
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plak Houtigehage
adres Ds. Visscherwei 71
koördinaten 53° 09' N 6° 08' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1937-1938
Webside
Side Noard-Jeruël
Kaart
Noord-Jeruël (Fryslân)
Noord-Jeruël

Noard-Jeruël is de namme fan de protestantske evangelisaasjeferiening yn De Houtigehage. De gemeente hat lange tiid in evangelisaasjesferiening west, mar is tsjintwurdich oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.

De stifting fan de evangelisaasjeferiening wie it wurk fan dûmny Visscher út De Rottefalle. Dy út Rotterdam ôfkomstige dûmny die mei syn frou in soad sosjaal wurk ûnder de bewenners fan de heide. Underfining hie de dûmny earder al opdien doe't er praktyske help bea yn de Rotterdamske arbeiderswiken. Hy brocht har iten, klean en befoardere it oanmeitsjen fan lân op de heide troch de oprjochting fan de Vereeniging Nederlandsche Landkolonisatie en Inwendige Zending.

Gevelstien

Ynearsten swalke Visscher mei syn frou en in kofferoargeltsje oer de heide om sa it Evangeelje te bringen, mar letter waard der in gebouke delset, dat ferneamd waard nei de evangelisaasjepost Jeruël oan de Jan van Loonslaan yn Rotterdam.

Om't it profyl fan de De Houtigehaagster gemeente rjochtsinnich en dy fan De Rottefalle frijsinnich wie, ûntstie der nei it ôfskie fan dûmny Visscher ferwidering tusken de beide gemeenten. De leden fan Noord-Jeruël rjochten harren foar de betsjinning fan de sakraminten no op de oare oanbuorjende gemeenten.

De earste stien fan de tsjintwurdige tsjerke waard op 6 novimber 1937 troch G. van Roekel lein, de foarsitter fan de Vereeniging Nederlandsche Landkolonisatie en Inwendige Zending.

Yn de jierren 1980 ferbetteren de ferhâldings tusken De Houtigehage en De Rottefalle en wie der wer in foarm fan gearwurking. De feriening socht yn 1988 oansluting by de Herfoarme Tsjerke. Yn 2006 fierde de gemeente it iuwfeest.

Tsjintwurdich is Noord-Jeruël in selsstannige evangelisaasjepost ûnder de flagge fan de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: