Johannes Antonie Visscher
Johannes Antonie Visscher (Asch, 30 maart 1876 - Groesbeek, 4 febrewaris 1943) wie in Nederlânske herfoarme dûmny en auteur.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Visscher wie in soan fan de predikant Rijn Visscher en Anna Hendrika van Embden. Nei syn stúdzje teology oan de Ryksuniversiteit Leien wurke er earst yn in efterstânswyk yn Rotterdam. Hy troude op 14 augustus 1903 yn Stompwijk mei Anna van Duijvendijk, dochter fan Pleunis van Duijvendijk en Louisa Carolina Pieternella Lamaison. Yn datselde jier ferhuze hy nei Rottefalle yn it feankoloniale gebiet yn it easten fan Fryslân. Mei syn frou gie er, mei in kofferoargeltsje yn in kroade, troch de omkriten fan Rottefalle om dêr ymprovisearre tsjerketsjinsten te hâlden. Yn De Houtigehage stichte hy it gebou "Noard Jeruël", neamd nei in wykferiening yn Rotterdam.[1] Visscher, troch de Fryske befolking Fisker neamd, die war foar ferbettering fan de wenomstannichheden troch ûnder mear de spitketen op de heide te ferfangen troch wenningen mei in tún foar de arbeidzjende befolking.
Yn 1909 lei hy syn amt as predikant del om him te wijen oan lanlike aktiviteiten. Hy ferfarde fan Fryslân nei De Haach. Troch syn tiid yn Fryslân waard Visscher in oertsjûge foarstanner fan de needsaak fan heideûntginning. Hy wie de oprjochter en tagelyk direkteur en sekretaris fan de Vereniging Nederlandse Landkolonisatie en Inwendige Zending. De feriening joech peariodiken út as Ons Heidewerk en Om en op de Heide. Hy seach hjir ek mooglikheden om dit wurk yn te setten yn it ramt fan de reklassearing. Yn 1921 lansearre hy in plan ta it stichtsjen fan in oantal koloanjes, dêr't 'ontredderden' itsij ferplege wurde soene óf troch wurkferskaffing in nije kâns yn de maatskippij krije soene.[2] Op fersyk fan it ministearje fan Justysje waarden syn ideeën realisearre yn koloanjes yn De Grinzer Pein (Wilhelminahoeve), Vries (Philadelphia) en Beekbergen (Het Hooge Land).[1] Visscher sels gie, nei fiif jier yn De Haach wurke te hawwen, yn 1914 wer werom nei Fryslân. Hy wie belutsen by it wurk yn de finzenis fan Ljouwert en hy wie ien fan de oprjochters fan it tehûs foar dakleazen Praktische hulp. Fan 1914 - 1923 wenne hy yn Drachten en dêrnei oant 1926 yn Ljouwert. Yn dat jier besleat er syn amt fan predikant wer op te nimmen en akseptearre in berop nei Groesbeek. Dêr bleau er him dwaande hâlden mei sosjale arbeid. Hy rjochte de feriening foar kristlik maatskiplik helpbetoan Morgenrood op en de Nederlandse Centrale voor practische werkverruiming en hulpverlening.[3] Visscher ferstoar yn febrewaris 1943 yn Groesbeek yn de âldens fan 66 jier.
Skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As auteur waard Visscher benammen bekend yn protestantske rûnten. Resinsinten priizgen yn Visschers fiksje de skriuwstyl en de skildering fan it libben fan de agraryske befolking. Hy behannelet de konfrontaasje fan earme, leauwige en koeijonearre plattelanners mei in heechhertige, egoïstyske of ûnferskillige begoedige klasse, dy't eventueel wol ta ynkear en berou komme kin. De tematyk wurdt meastal swier oanset, wat mear wurdearre waard troch kritisy dy't sterk út tsjerklik stânpunt wei oardielden, as troch literêr oriïntearre resinsinten.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bisschop Patteson: de apostel en martelaar van Melanesië útj. Bredée, Rotterdam, 1905
- Van de arme Friesche heide útj. Tjeenk Willink, Haarlim, 1909, 2e printinge 1910
- Uit het land van oude Lutske útj. Ruys, Utert, 1913
- Schemerdal útj. Callenbach, Nijkerk, 1916
- Ochtendgloren útj. La Rivière & Voorhoeve, Swol, 1917 (letter omwurke ta De zoon van den roofridder, 3e printinge 1925)
- De ruïne van Walroo útj. Boek- en Kalenderbureau Het Vischnet, De Haach, 1917
- Toen de heide riep útj. Daamen, De Haach, 1922
- De Fryske heide yn kultuer: petearen en reizen mei domeny J.A. Visscher te Ljouwert, útj. Brandenburgh, Snits, 1926 (skreaun troch Jacobus Pieters Wiersma mei teksten fan Visscher)
- Wrakhout útj. Koning, Baarn, ± 1929
- Schooier waar ga jij naar toe? útj. Callenbach, Nijkerk, 1939
- Gekke Eimer in de Friesche Almanak, 1941
- Twisken heide en beamgûd yn (yn 1946 yn it Frysk oersetten troch Eelke Simens de Jong), útj. La Rivière & Voorhoeve, Swol
- Sa'n heidekeardel : roman fan de earme Fryske heide (yn 1981 yn it Frysk oersetten troch Eelke Simens de Jong), útj. Osinga, Boalsert, ISBN 90-6066-403-5
Neitins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn Houtigehage is in strjitte, de Ds. Visscherwei, nei him neamd. Oan dizze strjitte stiet ek de trochhim stifte tsjerke, anneks ferieningsgebou "Noord Jeruël", mei in tinkstien, dy't herinnert oan syn wurk yn dit gebiet. De tsjerke heart sûnt 1988 by de Nederlânske Herfoarme Tsjerke.
- Yn Groesbeek, dêr't er fan 1926 ôf preke, is in Dominee J.A. Visscherlaan. Ek yn Heerjansdam en Lathum binne strjitten nei him ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|