Noardertsjerke (Amsterdam)

Ut Wikipedy
Noardertsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
Amsterdam
adres Noordermarkt 44
koördinaten 52° 22' N 4° 53' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (Griff. Bûn)
Arsjitektuer
arsjitekt Hendrick de Keyser
boujier 1620-1623
boustyl renêssânse
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 3923
Webside
Side fan de gemeente
Kaart
Noardertsjerke (Amsterdam-Binnenstêd)
Noardertsjerke

De Noardertsjerke (Noorderkerk) is in protestantsk tsjerkegebou yn Amsterdam oan 'e râne fan 'e Jordaan. De monumintale tsjerke waard neffens in ûntwerp fan Hendrick de Keyser (1565-1621) boud en wurdt brûkt troch de Noardertsjerkegemeente, in gemeente fan it Grifformearde Bûn, dy't oansletten is by de Protestantske Tsjerke Amsterdam.

Bouskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard tusken 1620 en 1623 yn 'e foarm in Gryksk krús boud mei tusken de earms trijehoekige tsjinstwenten en stie model foar de letter boude Nije Tsjerke fan Grins. De bou fan ien fan 'e earste tsjerken nei de reformaasje yn Amsterdam waard needsaaklik nei't yn 'e 17e iuw de befolking fan it westlik diel fan 'e stêd hurd oanwoeks.

De tsjerke op in 17e-iuwske gravuere.

De lytse toer op e krusing fan de beide skippen is it wurk fan de stedstimmerman Hendrik Jacobsz Staets en de doedestiidske stedsmitsler Cornelis Danckerts. Dat dy twa faklju it wurk fan Hendrick de Keyzer, en letter nei syn ferstjerren tegearre mei syn soan Pieter, foltôgen wiist der op dat it de stêd der in soad om te dwaan wie om de bou ta in súkses te meitsjen.

Fanwegen in tekoart oan tsjerkefolk moast de Noardertsjerke yn 1929 de doarren slute. Nei't de Eilânstsjerke oan de Bickersgracht fanwegen brekfalligens ticht moast, waard de Noardertsjerke opknapt en yn 1941 wer iepene foar de earetsjinst.[1]

Tusken 1993 en 1998 waard de tsjerke restaurearre. Sûnt dy tiid wurdt de tsjerke ek iepensteld foar kulturele aktiviteiten en binne der regelmjittich konserten. Oan 'e súdlike bûtenmuorre binne brûnzen oantinkens oanbrocht dy't de slachtoffers yn de Twadde Wrâldkriich en de Febrewarisstaking fan 1941 betinke. Njonken de tagong fan 'e tsjerke stiet in lyts monumintsje ta oantinken fan de opskuor yn de Jordaan fan 1934.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Knipscheer-oargel.

It ynterieur fan it tsjerkegebou foldocht oan in echte protestantske preektsjerke, dêr't de ferkundiging fan it Wurd sintraal heart te stean. Santjinde iuwsk binne allinne noch de bepleistering fan 'e muorren, de moarmeren foet fan 'e kânsel en it ikehout fan in tal banken. De flier fan 'e tsjerke is oant hjoeddedei in geef sarkenfjild. Under eltse grêfsark binne somtiden wol mear as fiif minsken te rêste lein. Eartiids waard de tsjerke ferljochte troch koperen kroanen mei kjersen; sûnt 1941 wurdt de tsjerke elektrysk ferljochte.[2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan it oargel wie yn 1849 troch H. Knipscheer. It is it grutste oargel dat troch dy oargelfamylje makke waard. Bysûnder is dat it ynstrumint om in grutte pylder hinne boud is. It oargel waard foar it lêst yn 2005 restaurearre troch Flentrop Orgelbou, Saandam, en nei de restauraasje op 16 septimber 2005 wer yn gebrûk nommen.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]