Springe nei ynhâld

Nizjni Novgorod

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nizjny Novgorod)
Nizjni Novgorod

Нижний Новгород

It kremlyn fan Nizjni Novgorod
It kremlyn fan Nizjni Novgorod
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Ruslân
oblast Nizjni Novgorod
Sifers
Ynwennertal 1.233.949 (2022)
Oerflak 410,68 km²
Befolkingsticht. 3.003 ynw. /km²
Stêdekloft 2.086.972
Hichte 78 m.
Oar
Stifting 1221
Tiidsône UTC+3:00
Koördinaten 56° 19' N 44° 00' E
Offisjele webside
adm.nnov.ru
Kaart
Nizjni Novgorod (Jeropeesk Ruslân)
Nizjni Novgorod

Nizjni Novgorod (Russysk: Нижний Новгород), tusken 1932 en 1990 Gorki neamd as earebetoan oan de skriuwer Maksim Gorki dy't dêr berne is op fjouwer nei de grutste stêd fan Ruslân. Nizjni Novgorod is de haadstêd fan de oblast Nizjni Novgorod en ek fan it federale distrikt Wolga. De stêd is in wichtich ekonomysk-, transport- en kultuereel sintrum fan de Russyske Federaasje.

De stêd waard stifte yn 1221, de namme betsjut letterlik 'lege nije stêd', in ferwizing nei de âldere stêd Novgorod (= nije stêd). De stifter wie prins Joeri Vsevolodovitsj fan Vladimir. Nizjni Novgorod leit op it plak dêr’t de rivieren Oka en Wolga by inoar komme en waard oanlein as bolwurk foar de beskerming fan de doetydske lânsgrins. It houten kremlyn lei tige gaadlik fanwege de grutte natuerlike grêft dy’t troch beide rivieren foarme waard.

Yn 1612 ferdreaun in de boargermilysje fan Nizjni Novgorod, byinoar brocht troch de keapman Kûzma Minin en oanfierd troch foarst Dmitri Pozjarski, de Poalske troepen en holp it Michail Romanov as earste fan de Romanov-dynasty oan de macht.

Fan 1817 oant de Oktoberrevolúsje yn 1917 wie Nizjni Novgorod fanwege de Makarjevmerk in wichtige stêd, dy’t alle jierren yn july holden waard en dêr’t in grut part fan it yn Ruslân makke guod ferhannele waard. Nei't Maksim Gorki yn 1932 offisjeel as proletaryske Sovjet-skriuwer erkend wie, waard de stêd troch Jozef Stalin omdoopt yn Gorki. Yn 1990 waard de âlde namme yn in eare hersteld.

Yn de jierren 1930 krige Nizjni Novgorod de status fan in saneamde 'sletten stêd', dêr’t bûtenlanners net komme mochten. Reden dêrfoar wie de wapenyndustry dy’t dêr festige wie; der waarden atoomûnderseeërs, tanks en gefjochtsfleanmasines produsearre. Yn 1992 waard de stêd wer iepensteld.

Doe’t de atoomfysikus Andrej Sacharov yn 1980 by it kommunistysk rezjym yn ûngenede foel, waard er út Moskou wei nei Nizjni Novgorod ferballe, dêr’t er jierren ûnder bewaking fan de KGB wenne hat. Yn 1986 krige er fan Michail Gorbatsjov tastimming om werom nei Moskou te gean. Yn de wente dêr’t er destiids libbe, sit no it Sacharov-Museum.

Stadion fan Nizjni Novgorod

Untjouwing ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Untjouwing befolking
1811 1840 1863 1897 1914 1923
14 400 31 900 41 500 90 100 111 600 135 400
1926 1939 1956 1959 1962 1970
181 200 643 700 876 000 941 000 1 025 000 1 170 000
1979 1989 1992 2002 2008 2022
1 344 500 1 438 133 1 440 600 1 311 252 1 286 433 1.233.949
Folkstellingen : 1897, 1926, 1939, 1959, 1979, 1989, 2002.[1]
Petsjerkski Himelfeart-kleaster

Op it heden is fral it kremlyn fan Nizjni Novgorod fan toeristysk belang, mar ek de âlde binnenstêd, it park "It Nizjni Novogorodske Switserlân" besuden de binnenstêd en "Strelka" (de Pylk), in útsjochtpunt oan de mûning fan de Oka yn de Wolga, binne it besjen wurdich.

De omkriten fan Nizjni Novgorod binne bekend om har Chochloma-folkskeunst.

Berne yn Nizjni Novgorod

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strelka

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: