Nikolaaskleaster (Verchotoerje)
Nikolaaskleaster
Николаевский монастырь | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | Verchotoerje | |
koördinaten | 58° 51' N 60° 48' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | Stifting kleaster 1604 Gebouwen: 19e, 20e, 21e iuw | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 6610063000 | |
offisjele webside | ||
monastyr.org |
It Nikolaaskleaster is in russysk-otterdoks kleaster yn de stêd Verchotoerje yn de oblast Sverdlovsk, Ruslân.
Stifting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kleaster waard yn 1604 troch de muonts Jona stifte op in heuvel tusken de rivieren de Каlаtsjik en de Svijaga, dy't útmûnje op de Toera. De muonts wie ôfkomstich út Europeesk Ruslân en it is net bekend hoe lang oft er it kleaster liede. Oant 1704 wie it libben yn it fierder net sa bekende kleaster dreech, al stie it ûnder beskerming fan de tsaren. Dat feroare yn dat jier op 12 septimber, doe't de reliken fan de russyske hillige Sint-Simeon (± 1607-1642/1659) út Merkûsjino oerbrocht nei it Nikolaaskleaster oerbrocht waarden. Mei de komst fan de reliken sette in beafearttradysje útein en yn 1864 waard foar de hillige in sulveren skryn makke. Sawol eartiids as hjoeddedei foarmje dy reliken in wichtich doel foar grutte tallen pylgers.
Bou katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1904 fierde it kleaster it 300-jierrich jubileum fan it bestean fan it kleaster en de 200e jierdei fan de komst fan de reliken fan de hillige Siméon. Ta oantinken fan dy fieringen waard op 12 septimber 1905 útein set mei de bou fan in stiennen katedraal mei trije faience-ikonostazes. De katedraal, ien fan de grutste katedralen fan Ruslân, waard op 11 september 1913 wijd, it jier dat it hiele lân it 300-jierrich jubileum fan de Romanov-dynasty fierde. Troch Raspûtin ûnderhold de keizerlike famylje oan it begjin fan de 20e iuw waarme bannen mei it kleaster. By de ynwijing fan de katedraal droech de abt in gewaad, dat makke wie fan de kroaningsjurk fan de keizerin, dy't hja mei eigen hân borduerd hie. Der waard ek in houten gasteferbliuw boud foar de keizerlike famylje om de ynwijing by te wenjen, mar dy wie ferhindere en koene de plechtichheden net bywenje.
Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1920 waard de lêste archimandryt fan it kleaster Ksenofont (wrâldske namme Konstantin Petrovitsj Medvedev) oppakt en nei de finzenis fan Jekaterineburch stjoerd op beskuldiging fan gearwurking mei it Wite Leger fan Koltsjak. Letter waard er noch in pear kear oppakt en nei de lêste arrestaasje waard er ferballe nei de kampen foar it oanlizzen fan it Wite-Seekanaal. Oer syn lot is fierder neat bekend, mar yn 1989 is er rehabilitearre.
Nei de arrestaasje fan Ksenofont waard it kleaster yn 1925 sletten en yn de Sovjet-tiid waarden jonge delinkwinten yn it kleaster opsletten. De reliken fan Sint-Siméon binne yn de Sovjet-tiid yn beslach nommen en oerbrocht nei it museum, dêr se ynearste foar anty-religieuze doelen útstald waarden en letter yn 'e opslach telâne kamen. Fan it kompleks hat allinne de yn 1867 boude Neofyttsjerke it net oerlibbe.
Weromjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kleaster krige yn 1990 syn oarspronklike funksje werom en ûnder lieding fan de hegumen Tichon waarden yn koarte tiid de poartetsjerke, de Transfiguraasjetsjerke en oare kleastergebouwen restaurearre. De reliken fan Sint-Siméon binne yn 1989 werom jûn oan de Tsjerke en nei de restauraasje fan it kleaster op 25 septimber 1992 mei in plechtige prosesje werom brocht nei de Transfiguraasjetsjerke. Tsjintwurdich stiet de skryn fan Sint-Siméon yn de Krúsferheffingskatedraal. Sûnt dy tiid is it kleaster ek wer in drok beafeartsplak. De trije ikonostazen fan de katedraal oerlibben de ûnderdukking yn de Sovjet-tiid net, mar binne rekonstruearre. Ek it foar de keizerlike famylje boude houten hûs is bewarre bleaun.
Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Katedraal fan de Krúsferheffing (1905-1913)
- Transfiguraasjetsjerke (1821-1834)
- Tsjerke fan Siméon en Anna (1855-1863)
- Nikolaastsjerke (1999)
Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Свирский монастырь
|