Nikolaas Pieck
Nikolaas Pieck | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 29 augustus 1534 | |
berteplak | Gorkum | |
stjerdatum | 9 july 1572 | |
stjerplak | Brielle | |
etnisiteit | Nederlanner | |
wurkpaad | ||
kleasteroarder | Fransiskanen | |
hillichferklearring | ||
sillich ferkl. | 24 novimber 1675 troch paus Klemens X | |
hillich ferkl. | 29 juny 1867 troch paus Pius IX | |
fereare troch | Roomsk-katolike Tsjerke | |
hjeldei | 9 july | |
hillichdom | Beafeartstsjerke fan de Hillige Martlers fan Gorkum | |
attributen | Strop om 'e hals |
Nikolaas Pieck of Pichius (Gorkum, 29 augustus 1534 – Brielle, 9 july 1572) wie in Fransiskaanske preester en teolooch en is in martler fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nikolaas waard yn 'e stêd Gorkum berne as soan fan Jan Pieck en Henriea Clavia. Hy woeks op yn in fromme katolike húshâlding en waard nei it kolleezje fan De Bosk stjoerd om dêr te studearjen. Nei't er syn stúdzje foltôge hie, foege Nikolaas him by de Fransiskanen en yn 1558 waard er ta preester wijd.
Pieck preke tsjin it opkommende kalvinisme en ferdigene dêrby fûleindich it dogma dat Jezus yn 'e fiering fan 'e hillige misse tsjintwurdich is yn it foarkommen fan bôle en wyn.
Yn juny 1572 waard Gorkum nei fûl ferset ynnommen troch de wettergeuzen. Alhoewol't se ûnthieten om de katolike geastliken in frije ôftocht te jaan, namen se dochs 19 katolike geastliken finzen.
Tegearre mei acht oare Fransiskaanske bruorren waard Pieck opsletten yn in tsjuster en smoarch hok, dêr't se tamtearre waarden. Mei de koarde dy't Pieck om syn pij droech loeken se him oan in balke omheech en lieten him dan hieltiten wer op 'e grûn falle. Dat gyng kreksalang troch oant de koarde briek en Nikolaas bûten bewustwêzen op 'e grûn foel. Mei't nochris tsien preesters finzen nommen waarden kaam it tal finzenen op 19.
Op 6 july waarden de geastliken healneaken yn in skip treaun en fan Gorkum nei Brielle brocht. Underweis diene se ek Doardt oan om se dêr foar jild oan nijsgjirrigen te toanen. Twa protestantske bruorren fan Nikolaas besochten him frij te krijen, mar dat slagge net. Yn Brielle ûnthiet de kommandant fan 'e geuzen, Willem II de la Marck, se frij te litten as se de autoriteit fan 'e paus en de tsjintwurdigens fan Jezus yn 'e eucharisty leagenenen, mar gjin ien gyng dêr op yn. Op 8 july waard der in dispút organisearre tusken twa katoliken en twa protestantske dûmny's, dat útrûn op in nederlaach foar de protestanten. Mei ienfâldige fragen slagge Nikolaas Pieck der yn 'e protestanten fan 't stik te bringen.
Nettsjintsteande ynstruksjes fan Willem fan Oranje om de geastliken te sparjen en protesten fan 'e magistraten fan Gorkum, waard de groep op 9 july 1572 yn in âlde ferlitten kleasterskuorre bûten Brielle ophongen. Nikolaas wie de earste fan 'e preesters, dy't se ophongen. Troch de knoffelige útfiering fan it ophingjen duorre de eksekúsje mear as twa oeren en waard it in hiel lijen foar de preesters.
Neitiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de wettergeuzen noch om Gorkum fochten holden Nikolaas Pieck en syn omkesizzer Rutger mei oaren harren skûl yn 'e Blauwe Toer. Rutger wie in soan fan Nikolaas' sweager Hessel fan Est, dy't skepen wie, en waard nei de oermastering fan 'e wettergeuzen frijlitten. Hy flechte mei syn heit nei Utert en begûn nei de moard mei it sammeljen fan bewizen. Hy prate mei tsjûgen en liet portretten skilderje fan 'e fermoarde geastliken. Sân tsjûgen lieten op 9 augustus 1574 fêstlizze dat de portretten de martlers goed wjerjoegen. Sadwaande waard de moard oars as yn oare gefallen fan dy tiid tige goed dokumintearre. Oer de moard op 'e katolike preesters skreau er boppedat op 'e wize fan it Wilhelmus in 33 kûpletten tellend liet, dat yn it doe noch katolike Amsterdam útjûn waard. Yn 1603 publisearre Willem fan Est, in broer fan Rutger, alle sammele ynformaasje yn it Historiae martyrum Gorcomiensjum en foege oan 'e histoaryske feiten dêr wat katolike ynterpretaasjes oan ta, lykas mirakuleuze genêzings mar ek histoaryske feiten dy't oan de foarspraak fan 'e 19 martlers taskreaun waarden.
Yn 'e tiid fan it Tolvejierrich Bestân (1609-1621) wie it wer wat frijer om te reizgjen en koe de Tsjerke sels ûndersyk dwaan troch plakken en tsjûgen te besykjen. Op 24 novimber 1675 ferklearre paus Klemens X Nikolaas mei de oare martlers sillich. De hillichferklearing fan 'e 19 fermoarde geastliken folge yn 1867 troch paus Pius IX, yn 'e iuw dat de biskoplike hiërargy yn Nederlân hersteld waard.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|