Nikitatsjerke (Vladimir)

Ut Wikipedy
Nikitatsjerke

Никитская церковь

bouwurk
Vladimir asv2019-01 img20 StNikita Church.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Vladimir Oblast.svg Vladimir
plak Flag of Vladimir.svg Vladimir
koördinaten 56° 07' N 40° 23' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1760
boustyl Barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 3310010000
offisjele webside
sv-nikita.ru

De Nikitatsjerke (Russysk: Никитская церковь; transl. Nikitskaja tsjerkov) is in otterdokske tsjerke út de 18e iuw yn de stêd Vladimir, Ruslân. It monumint stiet yn it stedssintrum, net fier fan de Gouden Poarte. It gebou fan trije ferdjippingen yn wite en griene kleuren is in opfallend gebou dy't de Russyske barok fertsjintwurdige. De tsjerke stie model foar de letter boude Trije-ienheid-Tichvintsjerke yn Dmitrov.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De op de Nikitatsjerke basearre Trije-ienheid-Tichvintsjerke (1794-1801) yn Dmitrov

De tsjerke waard boud op kosten fan Simon Lazarev op it plak dêr't earder in kleaster stien hie dat diel útmakke fan it ferdigeningssysteeem fan de stêd. It oan de hilligen Kosmas en Damianus wijde kleaster stie dêr al sûnt de 12e iuw yn de tiid Andrej Bogoljûbsky, grutfoarst fan Vladimir. It kleaster ferlear de ferdigeningsfunksje yn de 16e iuw; wannear't it ôfbrutsen waard is net bekend.

De oarspronklike Nikitatsjerke wie krekt wat oars as hjoeddedei. Yn 1849 waard de tsjerke oan beide kanten mei twa ferdjippings tellende oanbousels útwreide.

Nei de Oktoberrevolúsje besochten de anty-religieuze autoriteiten de tsjerke ferskate kearen te sluten. Yn de jierren 1936-1937 liet it stedsbestjoer in rige fan arrestaasjes útfiere fan geastliken, dy't beskuldige waarden fan anty-Sovjet aktiviteiten. Yn 1938 folge de sluting fan de tsjerke.

De tsjerke waard fan 1970 oant 2015 brûkt troch in restauraasje-atelier, dy't it ynterieur foar in part fernielde. Sa waard de simmertsjerke ferdield yn twa etaazjes. De boppeferdjipping waard brûkt foar de opslach fan weardefolle saken en boppe yn de toer waard in útsjochplatform ynrjochte.

Yn augustus 2015 waard it gebou werom jûn oan it bisdom Vladimir fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke en sûnt wurde der wer earetsjinsten fierd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Никитская церковь (Владимир)