Nieve Jennings

Ut Wikipedy
Nieve Jennings
model
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nieve Jennings
nasjonaliteit Britsk
berne 7 augustus 1987
berteplak Bishopbriggs (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
soarte model fotomodel
jierren aktyf 2005 – no
titel(s) Miss Skotlân 2007
Miss Feriene Keninkryk 2008
offisjele webside
gjint

Nieve Jennings (Bishopbriggs, 7 augustus 1987) is in Skotsk model, aktrise, sjongster en dûnseresse. Hja waard bekend doe't hja yn 2007 Miss Skotlân waard en yn 2008 Miss Feriene Keninkryk.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Modellewurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jennings waard yn 1987 berne yn it Skotske Bishopbriggs. Hja begûn mei fiif jier al as model te wurkjen en waard op har fyftjinde 'ûntdutsen' troch in scout fan in foaroansteand modelleburo. Dêrtroch waard se yn 'e folgjende jierren frege foar opdrachten yn 'e hiele wrâld, en wurke se û.m. op Syprus en yn Spanje, Londen, Parys, Gibraltar, Japan en Sina, foar prestizjeuze haute couture-labels as Amanda Wakeley, Marcus Eagleton, Joyce Young en Ultimo.

Skientmewedstriden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teffens naam Jennings diel oan ferskate skientmewedstriden. Yn 2007 waard se keazen ta Miss Skotlân, en yn dy hoedanichheid fertsjintwurdige se har heitelân dat jiers by de Miss World-ferkiezing yn Sanya, yn 'e Folksrepublyk Sina. Dêr behelle se it twadde plak by twa ûnderdielen, Miss World Sports en Miss World Talent. Yn 2008 waard Jennings kroane ta Miss Feriene Keninkryk, wêrnei't se letter datselde jiers Grut-Brittanje fertsjintwurdige op 'e Miss International-ferkiezing yn Makau.

Oare beuzichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har bekendheid as model late foar Jennings ek ta oare putsjes. Sa waard se yn 2011 frege om 'e GAMTA Entertainment Award te oerlangjen op 'e útrikkingsseremoanje fan 'e Young Scot Awards, yn Glasgow. Los fan har modellwurk is Jennings ôfstudearre oan 'e Glasgow Academy of Musical Theatre Arts (GAMTA), en hat se sadwaande ek aktyf west as toaniel- en musicalaktrise, sjongster en dûnseresse. Sa hat se û.m. prinsesse Jasmine spile yn 'e musical Aladdin, Ms. Wotherspoon yn Doon at the Buroo, jonkfrouwe Marion yn The Magical Adventures of Robin Hood en Wendy yn The Magical Adventures of Peter Pan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.