Springe nei ynhâld

Niederburg

Ut Wikipedy
Niederburg
Stefanustsjerke
Stefanustsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein
Sifers
Ynwennertal 668 (2022)
Oerflak 6,81 km²
Befolkingsticht. 98 ynw./km²
Hichte 327 m
Oar
Postkoade 55432
Koördinaten 50° 7'N 7° 41'E
Offisjele webside
www.niederburg.de
Kaart
Niederburg (Rynlân-Palts)
Niederburg

Niederburg is in Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

It plak wurdt foar it earst yn in skinkingsoarkonde fan 1256 neamd. Sûnt 1309 hat it doarp in tsjerke, dy't yn 1386 fan prins-biskop Werner von Falkenstein de status fan parochytsjerke krige.

Niederburg hie yn 'e 14e iuw foarrjochten en om 1550 hinne wie Niederburg nei Oberwesel it grutste plak fan it Kar-Trierske amt Oberwesel. De stêd Oberwesel krige it lykwols oan 'e stok mei de Trierske aartsbiskop Von Falkenstein. It gefolch wie de saneamde Weseler Kriich. De aartsbiskop liet geskut opstelle yn Niederburg en de stêd Oberwesel waard mear as in jier lang belegere. Op 9 oktober 1391 joech de stêd it ferset op. Oant dy tiid hjitte it plak Niederenberg, mar sûnt krige it de hjoeddeiske name Niederburg. Fanwegen de kriich waard de ôfhinklikens fan Oberwesel opheven en der binne sels oanwizings dat Niederburg yn 1414 de status fan stêd hie. Yn 1434 waard dy stelstannigens lykwols wer opheven en yn opdracht fan aartsbiskop Raban von Hemlstatt waard Niederburg wer by de stêd Oberwesel foege. De ferdigeningswurken fan Niederburg bleaune lykwols oant 1852 noch foar in grut diel bewarre.

Sûnt 1786 foarmet Niederburg in selsstannige gemeente. Yn 1794 besetten de troepen fan Napoleon de lofter kant fan 'e Ryn en dêrmei waard Niederburg Frânsk. It Kongres fan Wenen ornearre it plak letter oan it keninkryk Prusen en nei de Earste Wrâldkriich waard it plak op 'e nij beset troch de Frânsen.

Op 21 novimber 1944 waarden der troch de alliearden fuort nei 13:00 oere 52 bommen op en om Niederburg smiten. It doel fan 'e oanfal wie nei alle gedachten it fernielen fan it spoar yn 'e Ryndelte, mar der kamen ek in pear bommen yn it sintrum fan it doarp telâne. Twa minsken ferlearen by dat bombardemint harren libben.

Sûnt 1946 makket it plak diel út fan de doe stifte dielsteat Rynlân-Palts.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Stefanustsjerke mei in romaanske toer út likernôch 1300.
  • Fan 'e midsieuske ferdigeningswurken bleau allinnich in stik muorre mei hoektuorren bewarre.

Keppelings om útens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Niederburg