Springe nei ynhâld

Nieder-Hilbersheim

Ut Wikipedy
Nieder-Hilbersheim
Protestantske tsjerke
Protestantske tsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mainz-Bingen
ferbânsgemeente Gau-Algesheim
Sifers
Ynwennertal 647 (2022)[1]
Oerflak 4,59 km²
Hichte 244 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 55437
Koördinaten 49° 54' N 8° 2' E
Offisjele webside
www.nieder-hilbersheim.de
Kaart
Nieder-Hilbersheim (Rynlân-Palts)
Nieder-Hilbersheim

Nieder-Hilbersheim is in wyndoarp yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Nieder-Hilbersheim is mei de stêd Gau-Algesheim ien fan 'e sân Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Gau-Algesheim.

Nieder-Hilbersheim leit súdwest fan Mainz yn 'e delling fan 'e Welzbach en hat in agrarysk karakter. By Nieder-Hilbersheim hearre ek de buorskippen Turnhalle, Raumühle en noch seis pleatsen bûten it doarp.

De earste fermelding giet op in oarkonde fan de abdij Seligenstadt út it jier 933 werom. Hilbersheim waard yn 'e stiftingsbrief fan it kleaster Disibodenberg yn 1108 foar it earst as 'Hilbriedesheim' neamd. De namme Nieder-Hilbersheim waard nei 1300 foar it earst brûkt.

Sûnt 1334 hat it doarp in tsjerke, dy't nei alle gedachten oan 'e hillige Martinus wijd wie. Ek it hjoeddeiske wapen fan Nieder-Hilbersheim draacht de namme fan 'e hillige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: