Springe nei ynhâld

Nicolaas van Heloma (1798-1879)

Ut Wikipedy
Nicolaas van Heloma (1798-1879)
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 25 juny 1798
stjerdatum 16 septimber 1879
partij pragmatysk liberaal
grytman fan Weststellingwerf
amtsperioade 1820-1849
lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 1821-1840
lid Twadde Keamer
amtsperioade 1840-1850

Nicolaas van Heloma (It Hearrenfean, 25 juny 1798 - Arnhim, 16 septimber 1879) wie in Frysk advokaat, grytman en liberaal lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal.

Nicolaas van Heloma wie in soan fan de drost en kommittearre op de lândei Marcus van Heloma en Aletta Catharina van Scheltinga. Syn broer Marcus wie lid fan de Deputearre Steaten fan Fryslân. Hy studearre Romeinsk en hjoeddeisk rjocht oan de Hegeskoalle fan Grins, dêr 't er yn 1820 promovearre, en waard koarte tiid abbekaat op It Hearrenfean.
Tusken 1820 en 1849 wie er grytman fan Weststellingwerf en tusken 1821 en 1840 ek lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Dêrneist wied er kapitein by de Fryske skutterij (1831-1833), lid fan de Kommisje fan de Lânbou yn Fryslân (1831), dykgraaf fan De Oude Lindedijk (1832-1842) en houtfester (1835-1852). Yn 1849 krige er op eigen fersyk ûntslach as grytman.

Tusken 1840 en 1850 wie er (pragmatysk) liberaal lid fan 'e Twadde Keamer, mar hy hearde net ta de Thorbeckianen. Yn 1844 krong er oan op in grûnwetsferoaring, en wie er behelle by it besprek oer it yntsjinjen fan in foarstel ta grûnwetsferoaring - mar úteinlik sette er net syn hantekening ûnder it foarstel fan de Negenmannen. Yn 1848 spruts er ûnder oaren by de behanneling fan de grûnwetsferoaring en de nije kieswet, en stimde er úteinlik foar alle wetsútstellen ta feroaring. Hy waard yn 1848 noch op 'e nij keazen, mar yn 1851 moast er it nei fannijs stimmen ôflizze tsjin de liberaal Johannes Andreas de Fremery.

Fan Heloma troude yn 1820 yn Aldskoat mei Grietje van Bienema, mei wa 't er trije soannen en in dochter krige. Grietje ferstoar lykwols yn 1846, en yn 1859 troude er úteinlik fannijs yn Amsterdam mei Wilhelmina Johanna van Deudekom, mei wa 't er noch in dochter en in soan krige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: