Nicola Perscheid

Ut Wikipedy
Selsportret, om 1910
Nicola Perscheid syn atelier yn Berlyn.

(Nicola) Nikolaus Perscheid (Moselweiß, 3 desimber 1864Berlyn, 12 maaie 1930) wie in Dútsk fotograaf, fral ferneamd om syn portretfoto's. Hy ûntwurp de saneamde "Perscheid lens", in soft focus lins foar grut-formaat portretfotografy.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nikolaus Perscheid sette mei 15 jier út ein mei in oplieding ta fotograaf; dêrnei fertsjinne er de kost as omreizgjend fotograaf. Hy wurke yn Saarbrücken, Trier en Colmar, mar ek in Nice, Wenen en Boedapest. Yn Klagenfurt krige er op in stuit fêst wurk en op 1 maart 1887 waard er lid fan de Wiener Photographische Gesellschaft fan Wenen. Yn 1889 ferfarre er nei Dresden, dêr't er yn it earstoan yn de bekende studio fan Wilhelm Höffert wurke ear't er 6 juny 1891 yn Görlitz syn eigen studio iepene. It jier dêrop waard er beneamd ta hoffotograaf fan Albert fan Saksen. Yn 1894 ferhuze Perscheid neiLeipzig.

Perscheid syn earste publikaasje wie in foto yn fotografymagazine fan namme yn 1897, en dêrnei die er mei oan in tal útstallings en krige er kunde oan keunstner Max Klinger. As fêstige en ferneamd fotograaf, ferhuze er yn 1905 nei Berlyn. Dêre eksperimintearre er mei de iere kleurefoto techniken, mar dat slagge him net bot; en doe't syn assistint Arthur Benda by him wei gie yn 1907, joech Perscheid dy eksperiminten hieledal op. Hy wûn ferskate wichtige prizen mei syn portretten, mar de studio rûn net goed. Hy ferkocht syn studio op 24 juny 1912.

Oktober 1913 hold er in kursus by de Sweedske rûnte fan profesjonele fotografen, de Svenska Fotografernas Förbund. Yn 1923 folge er in oprop fan de Deenske skoalle foar fotografy in Kopenhagen.

Perscheid hie in tal studinten dy't letter sels fotografen fan namme waarden. Arthur Benda studearre mei him 1899 oant 1902, en kaam yn 1906 wer by him as assistint by it eksperimintearjen mei kleurefotografy. Hy ferliet Perscheid yn 1907. Tegearre mei Dora Kallmus gie er nei Wenen en wurke yn har atelier Atelier d'Ora, dat er lang om let oernaam en oant 1965 fuortsette ûnder de namme d'Ora-Benda.

Yn 1924 studearre de Sweedske fotograaf Curt Götlin (1900-1993) by it Perscheid Atelier. Perscheid hie ek ynfloed op de Japanske fotograaf Toragorō Ariga, dy't fan 1908 oant 1914 yn Berlyn studearre en dêrnei meidie oan Perscheid syn kursussen. Hy gie 1915 werom nei Japan.

De Perscheid-lins waard om 1920 hinne ûntwurpen. It is in softfocuslins mei in breed djiptefjild, makke fan Emil Busch AG neffens de spesifikaasjes fan Perscheid. De lins is apart ûntwurpen foar grut formaat portretfotografy. Ariga yntrodusearre de Perscheid-lens yn Japan, dêr't de lins populêr waard by de Japanske portretfotografen fan de jierren tweintich.

Ek nei it ferkeapjen fan syn atelier bleau Perscheid oan 't wurk as fotograaf en hy hierde yn 1917 sels oare studio's. Neist syn artistike fotografy, makke er ek "profane" studioportretten, bygelyks foar it Postkartenvertrieb Willi Sanke yn Berlyn, dat tusken 1910 en 1918 in rige fan 600 oant 700 nûmere loftfeart-ansichtkaarten publisearre, lykas in grut tal portretten fan Flying Aces; in protte dêrfan waarden fotografearre troch Perscheid.

Tsjin de ein fan de jierren tweintich, hie Perscheid te krijen mei slimme jildkrapte. Neijier 1929 moast er syn appartemint ûnderferhiere om de eigen hier betelje te kinnen. Koart skoft letter krige er in beroerte, en yn de maitiid fan 1930 waard er yn it sikehûs opnaam. Wylst er dêr wie waard syn besit, sa as syn kamera's en fotografyske platen, mar ek al syn meubels, feild fanwegen syn skulden. Twa wiken nei de feiling stoar Perscheid yn de âldens fan 65 jier yn it Charite sikehûs yn Berlyn.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]