Filmfestival fan New York
Filmfestival fan New York New York Film Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | New York (steat) | |
plak | New York (stêd) | |
holden yn | Lincoln Center | |
tiid fan it jier | ein septimber, begjin oktober | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | NYFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1963 – no | |
oprjochter | Richard Roud Amos Vogel William Schuman | |
org. troch | Film Society of Lincoln Center | |
offisjele webside | ||
www.filmlinc.org/nyff... |
It Filmfestival fan New York (Ingelsk: New York Film Festival), gauris ôfkoarte ta NYFF, is in Amerikaanske filmfestival dat elts jier oan 'e ein fan septimber en/of it begjin fan oktober holden wurdt yn 'e stêd New York. It evenemint bestiet sûnt 1963 en is dêrmei ien fan 'e âldste en teffens ien fan 'e meast prestizjeuze filmfestivals yn 'e Feriene Steaten. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Film Society of Lincoln Center (FSLC). Op it Filmfestival fan New York wurde ornaris tweintich oant tritich langspylfilms fertoand, oanfolle mei in stikmannich koarte films, eksperimintele films, retrospektiven en dokumintêres.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It idee foar de oprjochting fan in filmfestival yn New York kaam yn 1962 fan William Schuman, de foarsitter fan it Lincoln Center. Hy rekrutearre filmkritikus Richard Roud om syn idee te ferwêzentlikjen. Roud, dy't berne wie yn Boston, mar yn Londen wenne om't er wurke foar de krante The Guardian, behelle syn kollega Amos Vogel yn it projekt as syn pleatsferfanger yn New York. De earste edysje fan it festival waard op 10 septimber 1963 iepene mei in fertoaning fan 'e film El Ángel Exterminador fan 'e Spaanske regisseur Luis Buñuel.
Yn 1966 foarmen Roud en Vogel it earste seleksjekomitee fan it festival, dat bestie út Arthur Knight en Andrew Sarris. It folgjende jier kaam dêr Susan Sontag by. Vogel bleau festivaldirekteur oant er yn 1968 weromstapte. Dêrnei naam Roud, dy't oant dy tiid ta de funksje fan programmadirekteur beklaaid hie, it stokje fan him oer. Roud behold de lieding oer it Filmfestival fan New York hast tweintich jier, oant 1987, en hie dêrmei in ûnútwiskbere ynfloed op it evenemint. Yn syn tiid lei it festival him benammen ta op it yntrodusearjen fan Jeropeeske filmhûsfilms yn 'e Feriene Steaten.
Yn 1988 krige de doe 34-jierrige filmhistoarikus Richard Peña de lieding oer it filmfestival. Hy wie in grut bewûnderder fan Roud, en besocht de ûnder Roud ta tradysjes útgroeide festivalgewoanten yn eare te hâlden, wylst er tagelyk de eurosintryske fokus ferlei nei ien dy't mear op 'e wrâld as gehiel rjochte wie. Peña bleau 25 jier lang festivaldirekteur, oant it fyftichste jubileum fan it Filmfestival fan New York, yn 2012. Nei in koarte perioade mei Robert Koehler as 'tuskenpaus' waard Peña opfolge troch Kent Jones, dy't earder fan 2009 ôf direkteur fan 'e Wrâldsinemastifting (WCF) west hie.
Seksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Filmfestival fan New York omfettet (anno 2018) de folgjende seksjes:
- Main Slate
- De wichtichste seksje fan it festival, dy't ornaris 25 oant 30 langspylfilms omfettet, útkeazen om 'e steat fan 'e hjoeddeistige sinema wer te jaan. Dêrta hearre sawol filmhûsfilms, grutte studiofilms as nije ûntdekkings.
- Spotlight on Documentary
- Dizze seksje, dy't omtinken jout oan dokumintêres, waard yn 2013 foar it earst oan it festival tafoege, en draacht fan 2014 ôf de hjoeddeistige namme. Hjirûnder falle 10 oant 15 dokumintêres fan spylfilmlingte.
- Projections
- Dizze seksje, dy't foarhinne de namme Views from the Avant-Garde droech, bestiet sûnt 1997 en jout omtinken oan eksperimintele films, sawol koart as lang.
- Revivals and Retrospectives
- It ûnderdiel Revivals, dat foarhinne Masterworks hiet, lit nije restauraasjes of fernijde releases fan filmklassikers sjen, sûnder dêrfoar in ûnderling ferbinend tema te sykjen. It ûnderdiel Retrospectives (letterlik: "weromblikken") leit him ta op it oeuvre fan in beskate histoaryske regisseur of akteur. Yn it ferline hawwe bgl. de Switserske regisseur Jean-Luc Godard, de Frânske regisseur Bertrand Tavernier en de Amerikaanske akteur Robert Mitchum it ûnderwerp fan sa'n retrospektyf west.
- Shorts
- Dizze seksje omfettet ferskate programma's fan koarte films, dy't foàr 2017 ûnderdiel fan 'e Main Slate foarmen.
- Special Events
- Dizze seksje bestiet út in ferskaat oan premiêres en fertoanings fan films en dokumintêres om't de regisseur of haadrolspiler op it festival te gast is.
- Convergence
- In nije seksje dy't 2012 tafoege waard, en dy't omtinken jout oan ynteraktive en transmedia-foarmen fan filmfertoaning.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |