Neeltje Jacoba (rêdingsboat)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Neeltje Jacoba yn haven fan Inkhuzen

De Neeltje Jacoba is in eardere motorrêdingsboat út 1929.

Oktober 2003 kaam it skip yn it nijs yn de affêre rûnom Mabel Wisse Smit en de swiere krimineel Klaas Bruinsma.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Neeltje Jacoba waard yn 1929 gebouwd. It wie it susterskip fan de Insulinde (1927), de earste selsoprjochtsjende motorrêdingboat, en waard ek troch de skipswerf Gebroeders Niestern te Delfsyl boud. It skip wie in geskink fan de Vereniging voor den Effectenhandel van Amsterdam (VE) oan de Noord- en Zuid-Hollandsche Redding-Maatschappij (NZHRM), en waard ferneamd nei Neeltje Jacoba Stroeve-Dros, de ferstoarne frou fan de doetiidske VE-foarsitter Stroeve.

De Neeltje Jacoba waard 7 desimber 1929 te wetter litten en wie fanôf 13 july 1930 stasjonearre by it rêdingstasjon IJmuiden. Yn 38 jier en goed 250 rêdingsaksjes soene totaal 206 minsken rêden wurde. Op 2 desimber 1950 waarden alle 30 opfarrenden rêden fan it Grykse frachtskip Metamorfosis troch de Neeltje Jacoba.

Op 14 septimber 1968 waard de Neeltje Jacoba reserve-skip fan stasjon IJmuiden. In jier letter waard sy ferkocht oan it Loadswêzen. It skip tsjinne yn De Helder as loadsboat ûnder de namme Zeeduiker en krige doe ek in sletten stjoerhûs. Yn 1973 kaam it skip yn partikuliere hannen. It wilens fertutearzge skip waard yn 1985 kocht troch Floor Kersten, dy’t har yn 1987 renovearje liet. De bûtenkant bleau itselde, mar fan binnen waard it ferboud ta plezierjacht mei twa hutten. Dat kaam op rekken fan in part fan de saneamde kyptanks , dy’t it skip by omslaan oerein helpe moasten. Yn 1989 krige de boat nije motors.

Itselde jier kocht Klaas Bruinsma it skip. Dy soe mei syn liifwacht Charlie da Silva op it skip wenne hawwe . Yn telefyzjeyntervieuw mei Peter R. de Vries, dat op 2 oktober 2003 útsjoerd waard, ferklearre Da Silva dat er Mabel Wisse Smit, dy’t letter troude mei prins Johan Friso, oan board moete hie, en dat er Bruinsma en Wisse Smit it moarnsiten op bêd brocht hie. It yntervieuw joech in soad opskuor. De Neeltje Jacoba waard yn 1993 weromkocht troch Floor Kersten, dy’t it skip yn 1994 trochferkocht oan Harm Roosendaal. Dy brocht it ûnder yn de "Stichting Neeltje Jacoba 1929" te Inkhuzen. It waard doe brûkt as start- en finishskip en as fasilitêr skip by sylwedstriden.

Anno 2011 is Jaap Boersma fan It Amelân eigner fan de Neeltje Jacoba; sy leit no yn museumhaven Zeemanshoop yn de Ballumerbocht. Boersma is fan doel om it skip te brûken foar fartochtsjes (mei oernachting) foar selskippen en foar trou- en rouplechtichheden.[1]

Tôgje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei alle publisiteit yn oktober, ferdwûn it skip op 26 desimber 2003 sûnder spoor út de haven fan Inkhuzen. Op 1 jannewaris 2004 die bliken dat it om in âldjiersstunt troch Aldjiersferiening Frijsteat Folgeren gie. It skip waard ûntfâlde foar Hotel Vreewijk yn De Folgeren ûnder Drachten. De stunt wie mei bedoeld om de Neeltje Jacoba wer op in goede namme te bringen neidat it skip yn 2003 middelpunt fan in skandaal west hie, ferklearre in wurdfierder fan de feriening.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Neeltje Jacoba: te huur voor lol of leed; Ljouwerter Krante, 20 april 2011, side 19.