Springe nei ynhâld

Nederdútsk-grifformearde tsjerke (Franschhoek)

Ut Wikipedy
Nederdútsk-grifformearde tsjerke
Lokaasje
lân Súd-Afrika
plakFranschhoek
adres29 Huguenot St
koördinaten33°54'N 19°7'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipNederdútsk Griff. Tsjerke
Arsjitektuer
boujierAldste diel: 1841-1847, útwreiding 1883
boustylneogotyk
Webside
www.ngkfranschhoek.com
Kaart
Nederdútsk-grifformearde tsjerke (Súd-Afrika)
Nederdútsk-grifformearde tsjerke

De Nederdútsk-grifformearde tsjerke yn Franschhoek is in herfoarme tsjerke yn Súd-Afrika. De gemeente waard yn 1847 stifte en wie de twaëntritichste gemeente fan it tsjerkegenoatskip.

De namme fan it plak Franschhoek betinkt de komst fan Frânske hugenoaten nei de delling tusken de bergen. Ek hjoeddedei docht der noch in soad oan 'e hugenoaten werom tinken, lykas nammen, grêven en it Hugenoatemonumint fan Franschhoek, dat yn april 1948 ûntbleate waard. De ynwenners fan it gebiet, dat ea Olifantshoek neamd waard, foarmen yn it earstoan in tsjerklike mienkskip mei Simondium en Drakenstein. Foar in skoft waard der yn Simondium sels earst noch troch dûmny Pierre Simond yn it Frânsk preke. Mei de tiid fermongen de hugenoaten harren mei de Nederlanners en mei de stifting fan in gemeente yn Paarl yn 1691 foel Franschhoek dêr ûnder.

Ynterieur.

Yn 1833 waard der in kapel yn Franschhoek boud en troch dûmny Van der Lingen út Paarl ynwijd. De ôfskieding ta in selsstannige gemeente fûn yn 1845 plak, nei't Pieter Nicolaas Ham út Amsterdam yn septimber 1844 as helpdûmny beroppen wie. It wie in drege tiid foar de gemeente. Der wie brek oan jild en in diel fan 'e gemeente koe mar min mei de dûmny oer wei. Ham waard û.o. beskuldige fan drankmisbrûk, hy wenne de gearkomsten fan 'e tsjerkerie net by en soe boppedat ek de gemeente somtiden ferlitten ha sûnder dêrfan kund te dwaan. Nei't de saak sels foar de synoade tsjinne, moast Ham syn ûntslach oanfreegje.

De tsjerke waard yn 1883 mei in noardlike en súdlike fleugel fergrutte en yn 'e jierren 1967-1968 restaurearre.

Doe't dûmny Adriaan Jacobus van Wijk yn 'e tsjerke preke, kocht de tsjerke yn 1923 in oargel oan. Ek yn Van Wijk's tiid waard it Nederlânsk yn 'e tsjerke as fiertaal ferfongen troch it Afrikaansk. De earste Afrikaansktalige notulen fan 'e tsjerkerie waarden yn jannewaris 1929 skreaun. Yn 1933 kamen de earste Afrikaansktalige Bibels yn Kaapstêd oan en ek yn Franschhoek waard in Afrikaansktalige Bibel feestlik yn gebrûk nommen. Yn 1937 skafte de tsjerke it earste Afrikaansktalige psalmboek oan.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1960 restaurearre. De ierdskodding op 29 september 1969 brocht op guon plakken grutte skea oan, mar tank oan 'e betonnen fersterkings oan it muorrewurk dy't mei de restauraasje oanbrocht wiene, stelde de skea oan 'e tsjerke net in soad foar. Yn 1972 waard de tsjerke in nasjonaal monumint.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Afrikaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: AF:NG gemeente Franschhoek