Springe nei ynhâld

Nasjonaliteit

Ut Wikipedy

Mei de term nasjonaliteit wurdt de wetlike relaasje oantsjut dy't bestiet tusken in persoan en in steat. Sterk ferienfâldige soe it omskreaun wurde kinne as it lidmaatskip fan in organisaasje, wêrby't dy organisaasje de steat is. In nasjonaliteit jout de oangeande steat jurisdiksje oer de persoan, en oarsom leveret it de persoan beskerming troch de steat op. De presize rjochten en plichten oer en wer ferskille fan lân ta lân. Under it ynternasjonaal rjocht hat de steat it privileezje om deroer te beskikken wa't de nasjonaliteit fan dy steat hat. Ien en oar is regele yn it nasjonaliteitsrjocht.

Normale sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minsken hawwe oer it algemien de nasjonaliteit fan 'e steat dêr't se yn berne binne. In útsûndering dêrop komt foar as immen berne is as de soan of dochter fan twa âlden út lân A, wylst dy (of allinnich de mem) op 'e tiid fan 'e berte foar in fêste (meastal koarte) perioade yn lân B ferbleaune (bgl. om't se dêr op fakânsje wiene, in stúdzje folgen of op in wurkfisum talitten wiene). Yn sa'n gefal sil it bern tsjintwurdich oer it algemien inkeld de nasjonaliteit fan lân A hawwe, ek al is it yn lân B berne. Foarhinne wie dat net sa; doe't prinsesse Margriet ûnder de Twadde Wrâldoarloch berne waard wylst har mem, de lettere keninginne Juliana, yn ballingskip yn Kanada ferkearde, is dêrfoar spesjaal tydlik in stikje Kanadeesk grûngebiet oan 'e Nederlânske steat oerdroegen, sadat de prinsesse de Nederlânske (en net de Kanadeeske) nasjonaliteit hawwe soe.

Besibbe begripen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nasjonaliteit is wetlik net itselde as steatsboargerskip, dat in sterk besibbe, mar oare juridyske relaasje tusken de persoan en de steat omfiemet. Yn 'e praktyk wurde dy beide termen lykwols gauris trochinoarhinne brûkt. Ek wurd de oantsjutting 'nasjonaliteit' faak betize mei it begryp etnisiteit, dat it lidmaatskip fan in beskate etnyske groep oanjout. Om't de measte etnyske groepen gjin eigen steat hawwe, bestiet der faak ferskil tusken de etnisiteit en de nasjonaliteit fan minsken. De measte ynwenners fan Fryslân hawwe bygelyks de Fryske etnisiteit, mar de Nederlânske nasjonaliteit. Krektsa hawwe etnyske Basken en Katalanen foar it meastepart de Spaanske of de Frânske nasjonaliteit, etnyske Ingelsen, Skotten en Welsen hawwe de Britske nasjonaliteit, etnyske Noardfriezen en Sorben hawwe de Dútske nasjonaliteit en etnyske Lakota en Sjajinnen hawwe de Amerikaanske nasjonaliteit. Oan 'e oare kant falle by etnyske Nederlanners, Frânsen, Dútsers, Denen, ensfh. etnisiteit en nasjonaliteit gear.

Dûbele nasjonaliteit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon lju hawwe in dûbele nasjonaliteit (of soms sels in trijedûbele nasjonaliteit), wêrby't men de nasjonaliteit hat fan twa (of mear) soevereine steaten. Soks komt faak foar as de âlden fan 'e persoan yn kwestje út ferskillende lannen komme, en de persoan dêrtroch sawol de nasjonaliteit fan it lân 'e heit as de nasjonaliteit fan it lân fan 'e mem kriget. Ek komt in dûbele nasjonaliteit gauris foar by lju dy't emigrearje fan it ien nei it oare lân. Se nimme dan de nasjonaliteit fan harren nije heitelân oan, mar dogge gjin ôfstân fan 'e nasjonaliteit fan it lân dêr't se berne binne. Dêrfoar kinne ferskate redens bestean; sa wol men faak de bân mei it oarspronklike heitelân oanhâlde om't men dêr noch famylje hat of om't men net wis is oft men wol foargoed yn it nije lân bliuwe wol. Mar guon lannen, lykas Turkije, steane minsken ek gewoan net ta om ôfstân fan 'e nasjonaliteit te dwaan. Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw binne der in protte ynternasjonale ôfspraken sletten om it ferskynsel 'dûbele nasjonaliteit' te regulearjen.

It tsjinoerstelde fan in dûbele nasjonaliteit is it hawwen fan hielendal gjin nasjonaliteit. Lju dy't soks oerkomt, wurde steateleas neamd. Soks kin foarkomme by minsken dy't in slimme misdie begien hawwe (lykas lânferrie), en dy't dêrom de nasjonaliteit fan harren heitelân ûntnommen is. Mar it is ek mooglik dat it ek yn dit gefal giet om lju fan wa't de heit en mem út ferskillende lannen ôfkomstich binne, as beide belutsen lannen de bern út dy relaasje útslute fan nasjonaliteit om't de oare âlder in bûtenlânske nasjonaliteit hat. Steateleazens hat slimme gefolgen foar de persoan dy't it oerkomt; sa'nent kin bgl. gjin berop dwaan op 'e foarsjennings fan 'e steat dêr't hy of sy yn wennet (lykas ûnderwiis, sûnenssoarch, ensfh.), en ek kin sa'n persoan gjin reisdokuminten krije en dus net ynternasjonaal reizgje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.