Nasjonaal wâld (Feriene Steaten)
In nasjonaal wâld (Ingelsk: national forest) is yn 'e Feriene Steaten in soarte fan beskerme natoergebiet dat eigendom is fan 'e federale oerheid. De beskerme status is leger as by in nasjonaal park, en ferlykber mei dy fan in nasjonaal gerslân. Nasjonale wâlden besteane grutdiels út beboske kriten, dy't brûkt wurde foar duorsume boskbou en rekreaasje. Se ûntstiene troch de Lânferoaringswet fan 1891 (Land Revision Act of 1891), dy't fan krêft waard ûnder it presidintskip fan Benjamin Harrison. Dy wet wie it geastlik bern fan in groep foaroansteande sakelju út 'e krite fan Los Angeles, oanfierd troch Abbot Kinney en houtfêster Theodore Lukens, dy't yn noed sieten oer de skea dy't feeboeren en mynwurkers tabrochten oan it San Gabrielberchtme.
Anno 2018 besteane der yn 'e Feriene Steaten 155 nasjonale wâlden, dy't mei-inoar in oerflak fan 769.000 km² beslane, oftewol 8,5% fan it hiele grûnoerflak fan 'e Feriene Steaten. Dêrfan leit 87% oan 'e westkant fan 'e rivier de Mississippy, benammen yn 'e Rocky Mountains. De steat Alaska omfiemet 12% fan al it nasjonaal wâldlân. De restearjende 1% leit eastlik fan 'e Mississippy en op Porto Riko en de Amerikaanske Famme-eilannen. De nasjonale wâlden eastlik fan 'e Grutte Flakten binne foar it meastepart gjin oerwâld, mar bosk dat nei de oanskaf fan 'e grûn troch de Amerikaanske oerheid yn 1891 nij oanplante is. It behear fan 'e nasjonale wâlden is yn 'e hannen fan 'e United States Forest Service, dy't ûnder it Ministearje fan Lânbou resortearret.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|