Narekavank
Narekavank Նարեկավանք | ||
Narekavank yn 1911. | ||
Lokaasje | ||
lân | Turkije | |
provinsje | Van | |
plak | Yemişlik | |
koördinaten | 38°17'N 42°55'E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
oprjochting | 10e iuw | |
oprjochter | Gakik I | |
Ynformaasje bou | ||
sloopjier | 1951 | |
Kaart | ||
Narekavank (Armeensk: Նարեկավանք, Turksk: Nareg manastırı; it kleaster fan Narek) wie in Armeensk-apostoalysk kleaster yn 'e histoaryske provinsje Vaspoerakan tichteby de súdlike igge fan 'e Vanmar. Hjoed-de-dei leit de lokaasje yn it distrikt Gevaş yn 'e provinsje Van yn East-Turkije.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster wie yn 'e tiid fan it Keninkryk Vaspoerakan boud en waard by de folkemoard op 'e Armeenske befolking yn it Osmaanske Ryk yn 1915 ferneatige. Hjoed-de-dei stiet op it plak fan it kleaster in moskee.
It 10e-iuwske kleaster waard troch kening Gakik I stifte. It wie ien fan 'e belangrykste bouwurken fan Armeenske arsjitektuer en in spiritueel sintrum foar de regio. De grutte Armeenske dichter Gregoarius fan Narek (951-1003) wenne yn it kleaster en waard dêr ek begroeven.
Yn 1884 waard in seminaarje yn it kleaster iepene en yn 1901 folge de stifting fan in weeshûs mei in skoalle.
It kleaster waard yn 1896 by de troch de oerheid sanksjonearre Hamidyske moardpartijen oanfallen troch Koerden. De Koerden fermoarden de preester en 12 muontsen.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Narekavank hie twa tsjerken: de Soerb Astvatsatsin (Mem Godstsjerke) en de Soerb Sandûcht (Sandûchttsjerke). It mausoleum fan Gregoarius fan Narek lei east fan 'e Sint-Sandûchttsjerke. De Sint-Astvatsatsintsjerke hie it ûntwerp fan in koepelfoarmige hal en lei súd fan 'e Sint-Sandûchttsjerke. Yn 1787 waard in rjochthoekige gavit oer de grêven fan vardapet (in titel dy't oan heech gelearde muotsen jûn waard) Hovhannes en de filosoof Ananias fan Narek boud. De klokketoer fan trije ferdjippings foar de westlike tagong fan 'e gavit waard yn 1812 tafoege.
Ferneatiging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Armeenske befolking fan 'e delsetting by it kleaster waard yn 1915 deportearre en fermoarde as ûnderdiel fan 'e Armeenske Genoside. It kleaster rekke doe syn funksje kwyt en neffens Sevan Nişanjan waard it kleaster yn 1951 ôfbrutsen, doe't ek de opdracht jûn waard om de Hillich-Krústsjerke fan Akdamar ôf te brekken. De ôfbraak fan 'e Hillich-Krústsjerke gie lykwols troch protesten net troch. Hjoed-de-dei is it doarp Narek foar it grutste part in Koerdysk doarp, dat no offisjeel bekend stiet as Yemişlik yn it Turksk en Nerik yn it Koerdysk.
It kleaster is folslein ferneatige en op it plak fan 'e tsjerke stiet hjoed-de-dei in moskee. It ferneatigjen fan resten dy't oerbleaun wiene gyng ek letter gewoan troch. James Robert Russell fotografearre yn 1994 in 10e-iuwske krússtien fan it kleaster. Doe't er yn 1997 werom kaam wie de krússtien ferdwûn. Lokale Koerden fertelden him dat de Turkske plysje de stien ferneatige hie nei't er yn 1994 it plak besocht hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Narekavank
|