Nana Appiah

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Nana Appiah
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nana Piguillet-Appiah
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 1982
berteplak Rotterdam (Súd-Hollân)
etnisiteit Flag of Ghana.svg Ganeesk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, dûnseresse,
model, goreografe, aktrise
medium tillefyzje
wurksum by RTL, SBS, Veronica
bekend fan LifstyleXperience
Fashionscene TV
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
Nana Appiah op Twitter

Nana Appiah (trounamme: Nana Piguillet-Appiah; Rotterdam, 1982) is in Nederlânsk presintatrise, dûnseresse, model, eftergrûnsjongster, toanielaktrise, goreografe en earder fjochtsportster fan Ganeesk komôf. Hja waard bekend trochdat se in finaleplak behelle yn 'e talintejacht Dancing Queen, en presintearre neitiid û.m. it moadeprogramma Fashionscene TV, op Net 5, en it lifestyle-programma LifestyleXperience, op RTL4.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Appiah waard yn 1982 berne yn Rotterdam. Mei trije jier gie hja al op dûnsles, en koarte tiid letter begûn hja ek mei toaniel en sjongles. Doe't se seis jier wie, kaam dêr noch de fjochtsport taekwondo by, wêryn't se by it by de junioaren brocht ta Nederlânsk, Jeropeesk en wrâldkampioen, wylst se der mei fjirtjin jier de swarte bân yn helle. Doe't it hieltyd dreger waard om dûns, taekwondo en skoalle mei-inoar te kombinearjen, besleat Appiah lykwols om op te hâlden mei fjochtsport en har safolle mooglik ta te lizzen op dûnsjen. Hja folge in HBO-oplieding oan 'e Codarts Hegeskoalle foar de Keunsten Rotterdam, dy't se ôfrûne mei in bachelorstitel yn dûns en goreografy. Dêrnjonken wie se ek aktyf as toanielaktrise, en wurke se mei oan produksjes fan ferskate selskippen, wêrûnder it Onafhankelijk Toneel, DOX, DWA en SKVR. Nei it beheljen fan har diploma wie se ek wurksum as dosinte goreografy en dûns.

Yn 2008 die Appiah mei oan 'e dûnstalintejacht Dancing Queen, op 'e tillefyzjestjoerder SBS6. Dêryn helle se de finale, en hoewol't se net op it earste plak einige, iepene de bekendheid dy't se dermei krige, dochs in protte doarren foar har. Sa wurke se yn 'e folgjende jierren as eftergrûndûnseresse by live-optredens en yn fideoklips foar ferskate artysten, wêrûnder Diana Ross, Hind, Frans Bauer, Gordon en Gerard Joling. Ek wie se as model belutsen by reklamekampanjes foar ferskillende bedriuwen, mei as bekendste de skuonfabrikant Nike (2009-2013).

Yn 2010 waard Appiah frege as ko-presintatrise fan Johnny de Mol, yn it spulprogramma Beat de Mol, fan Veronica. Neitiid presintearre se fan 2011 oant 2012 it moadeprogramma Fashionscene TV op Net 5, wylst se yn dyselde perioade ek de presintaasje fan it lifestyle-programma WEG die, op 'e regionale stjoerder RTV Rijnmond. Fierders presintearret Appiah fan 2013 oant no it lifestyle-programma Lekker Leuk Leven, op SBS6, en fanôf 2014 ek it lyksoartige programma LifestyleXperience op RTL4. Dêrnjonken docht se tegearre mei Benten Wijnen fanôf 2014 ek de presintaasje fan it YouTubekanaal fan it ferdivedaasjepark De Efteling, dêr't se har dwaande hâldt mei it beäntwurdzjen fan sjoggersfragen oer it park.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: