Springe nei ynhâld

Nalini Singh (sjoernaliste)

Ut Wikipedy
Nalini Singh (sjoernaliste)
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nalini Shourie
nasjonaliteit Yndiaask
berne 17 febrewaris 1945
berteplak ? (Yndia)
etnisiteit Sikh
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, presintatrise
medium tillefyzje
jierren aktyf 1965 – no
offisjele webside
gjint

Nalini Singh (Pûndzjabysk: ਨਲਿਨੀ ਸਿੰਘ; berne as: Nalini Shourie; yn Yndia, 17 febrewaris 1945) is in Yndiaask sjoernaliste, presintatrise, publisiste en tillefyzjeprodusinte fan Sikh-komôf.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Singh waard yn 1945 berne yn Yndia as de dochter fan konsuminte-aktivist H.D. Shourie. Hja hat twa bruorren, Deepak Shourie, dy't ek sjoernalist is, en Arun Shourie, in sjoernalist en politikus dy't minister yn it Yndiaaske federale regear west hat. Singh is fierders de skoandochter fan sir Chandeshwar Prasad Narayan Singh, de eardere gûverneur fan Uttar Pradesh en de earste Yndiaaske ambassadeur yn Nepal. Sels hat se twa bern: Ratna Vira, de skriuwster fan it boek Daughter by Court Order, en Sukaran Singh, dy't fise-presidint fan 'e ôfdieling Advanced Systems is by stielfabrikant Tata Steel.

Singh hat ûnder har karriêr ferskate aktualiteiterubriken presintearre op 'e tillefyzjestjoerder Doordarshan. Hja is it bekendst om har ûndersykssjoernalistike programma Aankhon Dekhi. Njonken har sjoernalistike wurk is Singh ek de útfierend direktrise fan 'e tillefyzjestjoerder TV Live India Pvt Ltd, en útfierend redaktrise fan it nijskanaal IBN7. Yn 'e mande mei Davaki Jain en Malini Chand publisearre se yn 1980 it boek Womens' Quest for Power: Five Indian Case Studies, oer frouljusemansipaasje yn Yndia.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.