Springe nei ynhâld

Niebüll

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Naibel)
Niebüll
Bestjoer
LânDútslân
DielsteatSleeswyk-Holstein
DistriktNoard-Fryslân
Sifers
Ynwennertal9.315 (2010)
Oerflak30,63 km²
Befolkingsticht.304 / km²
Hichte3 m
Oar
TiidsôneCET/CEST (UTC+1/+2)
Offisjele webside
www.niebuell.de
Niebüll fan boppe besjoen
Lizzing Niebüll yn Noard-Fryslân

Niebüll (Deensk: Nibøl, Noard-Frysk: Naibel) is in stêd yn it distrikt Noard-Fryslân yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein.

It plak waard al yn 1436 neamd, mar bleau iuwenlang net folle mear as in doarp. Earst doe't it eilân Sylt opgong makke as toeristesintrum ûntjoech Niebüll har, mei troch it spoarstasjon, ta in regionaal sintrum. Omdat auto's de Hindenburgdaam, dy't Sylt mei it fêstelân ferbynt, net opmeie, moatte minsken dy't har auto meinimme wolle nei Sylt dy op stasjon Niebüll op de trein sette. Yn 1960 krige Niebüll stedsrjochten. De 18e-iuwske tsjerke hat noch in benei oarpronklik ynterieur út de boutiid.

Berne yn Niebüll

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]