Springe nei ynhâld

Na-Dené-talen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Na-dene)
Na-Dené-talen
algemien
oare namme(n) Ejak-Tlingit-Atapaskyske talen
lokaasje westlik Noard-Amearika
tal talen ±46
tal sprekkers 205.000 (2010)
taalbesibskip
taalfamylje Dené-Jenisejaansk
   ● Na-Dené
subgroepen Ejak-Atapaskysk
   ● Ejak
   ● Atapaskyske talen
● ?Haida
Tlingit
taalkoades
ISO 639-5 xnd

De Na-Dené-talen, soms de Ejak-Tlingit-Atapaskyske talen neamd, foarmje in taalfamylje wêrfan't de talen sprutsen wurde troch in oansjenlik tal Yndiaanske folken yn Alaska, noardwestlik Kanada, it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten en by de Pasifyske kust fan Oregon en noardlik Kalifornje lâns. De Na-Dené-talen wike folle mear ôf fan 'e oare kloften fan troch Yndianen sprutsen talen, en komme dúdlik fuort út in twadde migraasjeweach út Sibearje, dy't plakfûn hawwe moat tusken de eardere algemiene Yndiaanske migraasje en de lettere folksferhuzing fan 'e Inûyt en de Aleoeten.

De namme 'Na-Dené' waard yn 1915 betocht troch de ferneamde Amerikaanske taalkundige Edward Sapir. Hy stalde de term gear út it wurd Dené, dat yn in protte Atapaskyske talen "folk" betsjut, wylst na yn it Tlingit "folk" en yn it Haida "hûs" en "wenje" betsjut (it bestean fan it Ejak wie Sapir doedestiden ûnbekend).

De Na-Dené-talen falle útinoar yn 'e Atapaskyske taalkloft en twa talen dy't binnen it ferbân fan 'e Na-Dené-talen isolearre binne, te witten it Ejak en it Tlingit. In trêde isolearre taal, it Haida, waard foarhinne altyd en tsjintwurdich ek noch gauris ta de Na-Dené-talen rekkene, hoewol't guon taalkundigen no sizze dat der gjin bewiis is foar in bân tusken de Na-Dené-talen en it Haida. Yn 2008 waard der lykwols àl in bân ûntdutsen mei de Jenisejaanske talen fan sintraal Sibearje, wêrmei't de Na-Dené-talen de Dené-Jenisejaanske taalfamylje blike te foarmjen.

Fersprieding fan 'e Na-Dené-talen yn Noard-Amearika.

De grutste taal fan 'e Na-Dené-famylje is it Navaho, dat 170.000 sprekkers hat. Alle oare talen mei-inoar hawwe 30.000 oant 35.000 sprekkers, en in protte Atapaskyske talen ferkeare op it rântsje fan it útstjerren, mei mar inkele hûnderten of sels mar tsientallen sprekkers. Alle Apache-talen hearre ek ta de Atapaskyske kloft, en it Westlik Apache is mei 14.000 sprekkers de op ien nei grutste Na-Dené-taal. It Tsjippewyan, fan noardwestlik Kanada, mei 12.000 sprekkers, hat kwa oerflak it grutste taalgebiet fan alle Yndiaanske talen yn Noard-Amearika. It Tlingit hat noch likernôch 700 sprekkers, wylst it Ejak yn 2008 útstoarn is. It Haida hie yn 2014 noch 24 sprekkers.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.