Springe nei ynhâld

Súdatapaskyske talen

Ut Wikipedy
Súdatapaskyske talen
algemien
oare namme(n)Súdatabaskyske talen
lokaasjeAmerikaanske Súdwesten
tal talen7
tal sprekkers186.000 (2010)
taalbesibskip
taalfamyljeDené-Jenisejaansk
  Na-Dené
    Ejak-Atapaskysk
      Atapaskysk
        Súdatapaskysk
subgroepenEastlik Apache
Flakte-Apache
Westlik Apache
taalkoades
ISO 639-5apa

De Súdatapaskyske talen of Súdatabaskyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Atapaskyske kloft fan 'e Na-Dené-taalfamylje. Dizze tonale talen wurde sprutsen troch sa'n 186.000 leden fan Yndiaanske folken yn it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten, mei twa (no útstoarne) talen bûten dat gebiet yn westlik Oklahoma en súdwestlik Teksas. De grutste taal fan dizze groep is it Navaho, dat 170.000 sprekkers hat. Alle oare seis talen wurde (of waarden) sprutsen troch ferskate groepen Apachen; dêrfan is it Westlik Apache it grutst, mei 14.000 sprekkers.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fersprieding fan 'e Súdtapaskyske talen yn Noard-Amearika.

(Dialekten yn lytser lettertype.)

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.