Springe nei ynhâld

NCS-grien

Ut Wikipedy
NCS-grien
kleurkoördinaten
heksadesimaal #009F6B
RGBª (rgb) (0, 159, 107)
CMYKº (cmyk) (100, 0, 33, 38)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

NCS-grien is in kleur dy't beskôge wurdt as in tint fan grien. It kin omskreaun wurde as in dûnkergrien dat wat nei turkwaze útskaait.

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is NCS-grien in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan 'e primêre kleuren grien en blau. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in ek in sekundêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch de ferminging fan 'e primêre kleuren syaan en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols ek swart tafoege, om't dat bettere resultaten jout.

De kleuren fan it NCS-kleursysteem.

NCS-grien makket diel út fan it Natural Color System (NCS), in kleursysteem dat benammen yn Skandinaavje in protte brûkt wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.