Mos Eisley
Mos Eisley is in fiktive delsetting op 'e planeet Tatooine út 'e Star Wars-franchise. It is in romtehaven mei fasiliteiten foar ferdivedaasje fan romtefarders, lykas kroegen en bordelen. Op it dochs al ûnfeilige Tatooine is Mos Eisley berucht om syn wetteleazens. It plak waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope út 1977, wêryn't it personaazje fan 'e Jedi-master Obi-Wan Kenobi (spile troch sir Alec Guinness) Mos Eisley omskriuwt as "in ellindich broeinêst fan túch en gemienheid."
De bekendste sêne yn Mos Eisley út A New Hope spilet yn in skobberige kroech, de Mos Eisley Cantina, dêr't leden fan withoefolle rassen fan bûtenierdske wêzens gearkloftsje yn in skimerige romte mei live muzyk fersoarge troch in bandsje. Dy sêne hie grutte ynfloed op fans fan Star Wars en is noch altyd ien fan 'e bekendste stikjes út 'e hiele franchise. De opnamen foar de bûtendoarsênes yn Mos Eisley fûnen yn 1975 en 1976 yn Tuneezje plak, wylst de binnendoarsênes filme waarden yn 'e Elstree Studios yn it Ingelske greefskip Hertfordshire.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |