More Hearts Than Mine

Ut Wikipedy
More Hearts Than Mine
algemiene ynformaasje
artyst Ingrid Andress
album Lady Like
taal Ingelsk
sjenre country
útbrocht 8 july 2019
doer 3:34
label Warner Nashville
skriuwer Ingrid Andress, Sam Ellis en
   Derrick Southerland
komponist Ingrid Andress
produsint Ingrid Andress en Sam Ellis
resultaten
ferkocht 105.000 cd's (maart 2020)
hitlisten 8 op Country Airplay (Fer.St.)
10 op Hot Country Songs (Fer.St.)
12 op Canada Country
sertifisearre (goud)

More Hearts Than Mine (Ingelsk foar "Mear Herten as Mines") is in liet fan 'e Amerikaanske countrysjongster Ingrid Andress. It waard skreaun troch Andress sels yn gearwurking mei Sam Ellis en Derrick Southerland. More Hearts Than Mine waard yn july 2019 útbrocht as de debútsingle fan Andress, dy't produsearre waard troch Andress en Ellis foar platemaatskippij Warner Nashville. It liet stie ek op Andress har earste studio-album Lady Like, dat útkaam yn maart 2020.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn More Hearts Than Mine nûget de ik-persoan har frijer út om mei te gean nei it plak dêr't se opgroeid is, om har famylje te moetsjen en by har âldelju te útfanhûzjen. Se warskôget him dat se wierskynlik yn ferskillende sliepkeamers sliepe moatte en dat er ferklaaiersklean meinimme moat om't se nei tsjerke geane. Ek warskôget se him dat har heit en mem gauwer 'fereale' reitsje as sysels, dat as er it neitiid dochs noch útmakket, sil er mear herten brekke as allinnich harres.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

More Hearts Than Mine kaam op 1 july 2019 binnen op nûmer 59 yn 'e Amerikaanske Country Airplay-hitlist fan it tydskrift Billboard, en klom op ta nûmer 8. Op 'e Amerikaanske Hot Country Songs-hitlist, ek fan Billboard, berikte it liet it 10e plak, en yn de Kanadeeske Canada Country-hitlist helle er plak nû. 12. Op 'e algemiene hitlist Billboard Hot 100 kaam More Hearts Than Mine op 11 jannewaris 2020 binnen op nû. 88 en klom op nei nû. 56.

Andress krige op 27 septimber 2019 in goud foar More Hearts Than Mine, om't der 500.000 eksimplaren fan ferkocht (op cd) en streamd (fia it ynternet) wiene. Anno maart 2020 wiene der 105.000 cd's fan it nûmer ferkocht.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.