Monolyt fan Aldehoarne
De Monolyt fan Aldehoarne wie in monolytige peal dy't 6 desimber 2020 fûn waard by in poel yn de Kiekenberch by Aldehoarne. It wie in foarm fan stiel fan sa'n 30 sm breed en goed trije meter heech, dy't fûn waard op in plak dat net ienfâldich te berikken wie. Net ien hie sjoen hoe't it dêr kaam wie. De oare deis rapporteare Omrop Fryslân: De monolyt wie al wer ferdwûn; mar ek dêrfan wie gjin spoar werom te finen.
Ek op oare plakken binne sokke 'monoliten' ferskynd, lykas yn op in stee yn Utah, yn Roemeenje en Kolombia, op Wight en yn Riemst. Krekt as by de oare monoliten dy sûnder spoar ferskynden en ferdwûnen, waard ek fan dizze monolyt, bûtenierdsken as mooglike útlis jûn.
Ein fan it mystearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it Flaeijelfeest fan 2024 die bliken dat it gie om in hoax fan inkele Aldhoarnsters: Rinze Veldstra en Sven Libbenga, nei oanlieding fan it nijs oer de monolyt yn Utah. Dat de monolyt in dei lettter wer fuort wie, kaam trochdat de eigner fan de grûn it ding fuorthelle hie, om natoerskea foar te kommen. By it Flaeijelfeest fan 2024 waard de monolyt ferkoft foar 2000 euro ferkoft nei Boelensloane ta.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|