Molekule

Ut Wikipedy
model fan in wettermolekule
Amedeo Avogadro
John Dalton

In molekule is it lytste bytsje fan in stof dat noch de eigenskippen fan dy stof hat.

Lytste ienheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As wy in sûkerklûntsje yn twaen brekke, en dat brokstikje wer yn twaen, en sa fierder, dan krije wy hyltyd lytsere stikjes sûker. Dat hâldt in kear op. It lytste bytsje sûker dat sa krigen wurde kin is in molekule sûker. De lytste hoemannichte wetter dy’t bestiet is allyksa in molekule wetter, en de lytste hoemannichte soerstofgas in molekule soerstof.

De definysje fan molekule is helder en foar elk begryplik, mar fertsjinnet in kanttekening. Der binne eigenskippen fan stoffen dy't gearhingje mei it gehiel fan molekulen en dy't net mear besteane as je ien molekule apart nimme. In ienfâldich foarbyld is it siedpunt. Etanol hat in siedpunt fan 78 °C by standertomstannichheden. Mar it is ûnsin om te sizzen dat ien molekúl etanol in siedpunt hat. De eigenskippen dêr't yn de definysje fan molekule praat fan is, binne benammen de gemyske eigenskippen fan in stof. Wy meie bygelyks oannimme dat ien molekule sûker noch swiet smakket, ek al sil dat op ús tonge te min wêze om it waar te nimmen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hjoeddeiske konsept fan in molekule waard betocht troch de Italjaanske natuerwittenskipper Amedeo Avogadro. Hy publisearre it yn 1811. Hy ferklearre mei syn begryp molekule in tal ferskynsels dy’t gemisy oant dan tige yn betizing brocht hiene, benammen de waarnimming dy’t bekend stiet as de wet fan Gay-Lussac. Dy wet stelt dat as stoffen yn de gasfoarm mei elkoar reagearje, se dat altyd dogge yn ienfâldige ferhâldingen fan folume. In klassyk foarbyld is de waarnimming dat twa folumes wetterstofgas en ien folume soerstofgas mei elkoar reagearje en dan twa folumes wetterdamp opsmite (as temperatuer en druk itselde binne). Avogadro ferklearre dy ienfâldige ferhâldingen troch oan te nimmen dat gelikense folumes fan gassen by deselde temperatuer en druk likefolle molekulen ynha. Sa koe hy mei de wet fan Gay-Lussac daliks fêststelle:

As 2 folumes wetterstof (gas) + 1 folume soerstof (gas) → 2 folumes wetterdamp, dan betsjut dat dus ek:

2 molekulen wetterstof + 1 molekule soerstof → 2 molekulen wetter.

Avogadro makke in helder ûnderskied tusken in atoom en in molekule. Mei gemyske molekuleformules is de boppesteande reaksje wer te jaan as

2 H2 + 1 O2 → 2 H2O .

Guon skiekundigen, wêrûnder John Dalton, woene dêr net oan, en it duorre oant nei 1860 foar’t Avogadro syn molekulebegryp algemien hiem waard yn de teory fan de skiekunde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]